Terneuzen is in Nederlânske stêd yn 'e provinsje Seelân. It is ek it haadplak fan 'e gemeente mei deselde namme.
Skiednis Terneuzen ûntstie nei alle gedachten ûntstien oan 'e 'Soute Vaert' (ek wol 'Oude Vaart' neamd), dy't de ferbining foarme tusken de 'Blyde' en de Honte (in âlde namme foar de Westerskelde). De stêd is fan oarsprong nau ferbûn mei de skipfeart. De namme komt yn 1325 foar it earst foar as Ter Nose en ferwiist nei in 'nes' (in lântonge). Yn 1460 waard de haven fan Terneuzen foar it earst fermeld.
De Oude Vaart rekke nei in rige fan stoarmfloeden troch it ûntstean fan 'e see-earm Braakman (1376) bûten gebrûk. De Braakman is troch de iuwen hinne stadichoan tichtslike en yndamme.
thumb|left|Lân fan Aksel. Terneuzen leit yn it protestantske Lân fan Aksel, dat foarhinne in eilân wie. Yn 'e âlde haven, op it plak fan 'e hjoeddeiske Markt, waard guod oerslein foar ferfier mei it lûkskip nei Gint. Yn 1575 bouden de Spanjerts it 'Spaansk Kastiel' (fort Aldano), dat yn 1583 troch de Steatsen ferovere waard. Prins Willem fan Oranje joech Terneuzen op 23 april 1584 stedsrjochten. Doe't Hulst yn 1596 troch de Spaansksinnigen oermastere waard krige dy fêsting noch mear betsjutting en folge in fierdere fergrutting om de Westerskelde blokkearje te kinnen, mar nei de Frede fan Múnster (1648) rekken de fersterkingen oerstallich.
Op 23 oktober 1794 foelen Frânske troepen Terneuzen binnen en waard Siuwsk-Flaanderen by it Frânske Ryk foege. De besetting einige op 2 febrewaris 1814.
Op inisjatyf fan kening Willem I waard tusken 1825 en 1827 it Kanaal fan Gint nei Terneuzen oanlein. De ferwachte ekonomyske bloei kaam net fuortendaliks, û.o. troch de Belgyske Opstân yn 1830, mar ferbettere om 1870 hinne troch de oanlis fan it spoar nei Mechelen en Gint. Terneuzen waard doe in wichtige oerslach- en opslachhaven. De fêsting waard tusken 1833 en 1845 fernijd en yn 1874 opnommen yn 'e Fêstingwet. thumb|left|Foaroarlochske Loftfoto fan Terneuzen dêr't op te sjen is dat Terneuzen in fêstingstêd wie. Yn 1908 waard de fêstingstatus beheind ta in kustbatterij. By it ferbreedzjen fan it kanaal (1901–1909) kaam der in nije slûs. De Oude Haven waard yn 1912 tichtsmiten foar de oanlis fan 'e Markt en it Schoolplein en yn 1915 waarden de fêstingwurken ôfgroeven en yn 1920 waard de kustbatterij opheft. Yn dy tiid waarden der ek ferskate nije kanaalhavens groeven.
Yn maaie 1940 waard Terneuzen swier bombardearre troch de Dútsers, wêrby't in soad fan it sintrum ferneatige waard. Oan 'e ein fan 'e oarloch, yn 1944, wie it gebiet fan grut strategysk belang fanwegen de Slach om de Skelde. Om it de Dútsers dreech te meitsjen, waard de Braakman troch de Alliearden ûnder wetter set. Nei de oarloch waard de Braakman yn 1952 definityf ôfsletten troch de oanlis fan 'e Braakmandam.
Yn 'e jierren 1960 soargen in nije grutte seeslûs en de komst fan grutte bedriuwen lykas Dow Chemical (1962) en Philips (1961) derfoar dat Terneuzen it ekonomyske hert fan Siuwsk-Flaanderen waard. De stêd groeide hurd, mei nije wenwiken oan beide kanten fan 'e Otheensche Kreek. De iepening fan 'e Westerskeldetunnel yn 2003 soarge foar in direkte ferbining mei de rest fan Seelân. De kanaaloanlis en yndustriële ûntwikkeling soargen foar in sterke befolkingsgroei.
Befolkingsûntwikkeling + Befolkingsûntwikkeling fan Terneuzen (1700–2024) Jier 1700 1750 1779 1811 1821 1829 1940 1950 2010 2019 2024 Ynwennertal 200 300 380 571 607 884 11.602 13.181 24.819 25.485 26.050 Groei — +50% +26,7% +50,3% +6,3% +45,6% +1212,4% +13,6% +88,3% +2,7% +2,2%
It besjen wurdich Op 'e Skeldebûlevard kin it skipferkear folge wurde dat hjir flak bylâns de kust giet. It Arsenaal (Arsenaalskazerne Terneuzen) is in militêr gebou út 1848 dat ûnderdiel wie fan 'e fêsting Terneuzen dy't fersterke en fernijd waard fanwegen de Belgyske Opstân fan 1830. Hjoed-de-dei binne der horekabedriuwen ûnderbrocht en sûnt 1997 tsjinje de wetterkelders as wynkelder. It monumint De Fleanende Hollanner fan Piet Griep yn in eardere kanaalarm by de Herengracht ferwiist nei it skip de Fleanende Hollanner. Neffens de oerlevering soe kaptein Willem van der Decken út Terneuzen ôfkomstich west hawwe. De Willibrordustoer is it restant fan in grutte neogoatyske katolike tsjerke út it begjin fan 'e 20e iuw. De tsjerke waard yn 1968 ôfbrutsen, mar de eardere pastoary en de kleasterkapel binne noch yntakt. Op 'e âlde 16e-iuwske fêstingwurken binne in samling strjitsjes en hûskes dy't bekend steane as Oud-Terneuzen. De Moffenschans, 16e-iuwske boerewente, dêr't yn novimber 1583 in skâns opwurpen waard troch foaral Dútske hierlingen ûnder oanfiering fan Filips fan Hohenlohe-Neuenstein, om wjerstân biede te kinnen by in oanfal troch Spaanske troepen. It âlde riedhûs oan 'e Noordstraat is in karakteristyk gebou mei toer. Oarspronklik wie it in wenhûs, dat nei de ferliening fan stedsrjochten ferboud waard mei ûnder mear materiaal út de ruïne fan it kastiel fan 'e ambachtshear fan Zaamslag. Yn 1647 folge in yngreven ferbouwing, wêrby't de kelder ynrjochte waard as "crymeneel ghevangenhuys". Yn 'e Frânske besetting waard yn 1807 de toer ferlege om plak te meitsjen foar in semafoar foar marinekommunikaasje. Yn 1859 krige de toer it hjoeddeiske oansjen. It hjoeddeiske riedhûs is in tige opfallend modern gebou út 1972 yn 'e styl fan it brutalisme. Sûnt 12 juny 2026 is it gebou in ryksmonumint. It besikerssintrum en it slûzekompleks 'Portaal fan Vlaanderen'.
Kategory:Plak yn Terneuzen