De Regenboog (De Reinbôge) is de namme fan 'e tsjerke fan 'e Nederlânske Kristlike Grifformearde tsjerke yn Surhústerfean.
Skiednis kristlike grifformearde gemeente frijmakke Yn 2012 fusearren yn Surhústerfean de kristlike grifformearden mei de frijmakke grifformearden. Dat late ta de foarming fan de kristlike grifformearde frijmakke gemeente. Nei de tsjerkefúzje fan 'e Grifformearde Tsjerken frijmakke mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken wurdt de tsjerke fan Surhústerfean Nederlânske Kristlike Grifformearde tsjerke neamd.
It earste tsjerkegebou fan de frijmakke gemeente datearre út 1951 en wie fan hout. Op it plak fan 'e earste tsjerke waard oan 'e Dellen neffens in ûntwerp fan it arsjitektenburo De Vries yn 1980 "De Ark" boud. Dy tsjerke is ferkocht oan 'e njonkenlizzende RABO-bank.Reliwiki, oproppen 27.07.2017
De Feanster kristlik-grifformearden hiene sûnt 1980 in eigen gemeente. Foar dy tiid hearden hja by de gemeenten fan Droegeham of Kornhorn. Nei de foarming fan in eigen gemeente tsjerkten hja yn 'e Herfoarme tsjerke. Yn 1996 waard de eardere húshâldskoalle oan 'e Dellen oankocht, dy't mei help fan gemeenteleden ta de Ichtustsjerke ferboud waard.Digibron, oproppen 27.07.2017
Regenboog Yn maart 2011 goaiden de beide gemeenten de lapen gear om tegearre fierder te gean. Reformatoarysk Deiblêd, 23 maart 2011 Besletten waard om yn 't ramt fan 'e gearfoeging fan 'e gemeenten "De Ark" te ferkeapjen, wylst de "Ichtustsjerke" ferboud wurde soe. By de ferbouwing krige de tsjerke in folslein nij oansjen en ek in nije namme.
It logo fan 'e tsjerke is in gearstalling fan in ichtusfisk en in arke (dy't referearje oan 'e âlde tsjerken) en in reinbôge.Frysk Deiblêd, 21 septimber 2012
Kategory:Surhústerfean Kategory:Tsjerkegebou yn Achtkarspelen Kategory:Bouwurk út 2012 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân