It Bildts Dokumintasysintrum (Frysk: "Biltsk Dokumintaasjesintrum"), soms ôfkoarte ta BDS, is in organisaasje yn Fryslân dy't diel útmakket fan 'e Biltske Beweging. It is in feriening,, Coördinator Bildts dient ontslag in, yn: de Ljouwerter Krante, 26 july 2017, s. 23 (kepp.) dy't yn 1990Samenwerking Bildts Dokumintasysintrum en Fries Film Archief (deade kepp.) oprjochte is fanút de âldere Stichting Ons Bildt. It Bildts Dokumintasysintrum is fêstige yn 'e Iepenbiere Bibleteek fan Sint-Anne en leit him benammen ta op it sammeljen en digitaal beskikber meitsjen fan fotomateriaal oangeande it Bilt.Ynformaasje op 'e eigen webside fan it Bildts Dokumintasysintrum

Yn april 2016 hie it Bildts Dokumintasysintrum likernôch 9.800 foto's digitalisearre, dy't fia de webside fan 'e organisaasje yn te sjen wiene. Tagelyk leine der doe noch 6.000 oare foto's te wachtsjen om ynscand te wurden. Belangstellenden kinne foto's opfreegje mei in oanfraachformulier op 'e webside. Njonken fotomateriaal hat it Bildts Dokumintasysintrum ek oare saken op 'e noed, lykas films en fysike foarwerpen dy't mei it Bilt te krijen hawwe.

It Bildts Dokumintasysintrum is oansletten by de Stichting Bildts Aigene, in yn 2015 oprjochte koepelorganisaasje foar it behâld fan 'e Biltske taal en kultuer. Fia dy wei ûnderhâldt it sintrum nauwe bannen mei ferskate oare Biltske kulturele organisaasjes, lykas de Stichting Ons Bildt. Sûnt 2012 wurket it Bildts Dokumintasysintrum op it mêd fan films ek gear mei it Frysk Film Argyf te Ljouwert.

Keppeling om utens Webside Bildts Dokumintasysintrum (Internet Archive)

Kategory:It Bilt Kategory:Biltske Beweging Kategory:Fryske kulturele organisaasje Kategory:Fryske feriening Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1990