Aaksens is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Aaksens leit yn de himrik fan Tsjerkwert, tusken Tsjerkwert, Wolsum en Blauhús. Der steane hjoed-de-dei twa pleatsen (2007), te berikken oer de Himdyk.
De lytse buorskip komt op kaarten om 1700 hinne as Aaxens foar. De namme hie eartiids it twadde part -ingi mei de Fryske evolúsje ta -ens. Dat bestjutte sokssawat as "hearrende by". It earste part soe ferwize nei de persoansnamme Age of Aesga, mei de kearnbetsjutting "swurd".
By Aaksens stienen eartiids twa spinnekopmoles. Doe’t it nije gemaal yn 1926 klear wie, waarden se ôfbrutsen.
Kategory:Tsjerkwert Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân