It Skotsk (Skotsk: Scots) is in Westgermaanske taal, dy't fan âlds sprutsen wurdt yn in grut diel fan Skotlân. Om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet, wurdt dizze taal inkeld ek wol oantsjut as Leechlânsk-Skotsk. Troch migraasje fan Skotten dêrhinne, wurdt it Skotsk sûnt de santjinde iuw ek sprutsen yn Noard-Ierlân en it noarden fan 'e Ierske Republyk. It Skotsk moat net betize wurde mei it Skotsk-Gaelysk, de Keltyske taal fan 'e Skotske Heechlannen en de Hebriden, en allikemin mei it Skotsk-Ingelsk, it dialekt fan 'e Ingelske taal sa't dy yn Skotlân sprutsen wurdt.
Oant it ferlies fan 'e Skotske ûnôfhinklikens, yn 1707, wie it Skotsk de bestjoerstaal fan Skotlân, mar nei't it troch de uny mei Ingelân alle politike status kwytrekke wie oan it Ingelsk, ferlear it ek syn maatskiplik oansjen. Dêrnei waard it lange tiid beskôge waard as in Ingelsk dialekt, mar sûnt 1997 wurdt it Skotsk troch it Britske regear erkend as in lânseigen minderheidstaal. Neffens de Britske folkstelling fan 2011 waard it Skotsk doe yn it Feriene Keninkryk troch 155.000 minsken as memmetaal sprutsen. It tal sprekkers yn Ierlân leit om 'e 10.000 hinne.
Nammen Hoewol't de offisjele namme fan 'e taal gewoan "Skotsk" is, wurde soms oare nammen oanholden om it ûnderskie mei de oare talen en dialekten yn Skotlân dúdliker te meitsjen. Sa is der de oantsjutting Leechlânsk-Skotsk, yn it Ingelsk: Lowland Scots, om't it taalgebiet benammen it Skotske leechlân omfiemet. Yn it Skotsk wurdt dan fan Lallans sprutsen, in gearlûking fan it oarspronklike Lawlands, "Leechlânsk". Oare nammen foar it Skotsk binne Braid Scots ("Breedskotsk") en Doric ("Doarysk"), hoewol't dat eins in namme is foar it Sintraal Noardskotsk, in subdialekt dat westlik en noardlik fan Aberdeen sprutsen wurdt. Yn Noard-Ierlân hjit it Ulsterskotske dialekt yn 'e eigen taal Ulstèr-Scotch, mar tsjintwurdich wurdt dat ek wol gauris oantsjut as Ullans, in neologisme dat Ulster en Lallans mei-inoar kombinearret.
Taalbesibskip It Skotsk is it naust besibbe oan it Ingelsk en in pear útstoarne taalfarianten dy't foarhinne yn Ierlân sprutsen waarden, it Yola en it Fingaalsk. Mei-inoar foarmje dy fjouwer talen de Angelsaksyske taalgroep, dy't weromgiet op it Angelsaksysk fan 'e Angelen en de Saksen. Mei de Fryske taalgroep makket dy Angelsaksyske taalgroep de Noardwestgermaanske talen op, dy't sels mei û.m. it Nederlânsk en it Dútsk wer diel útmakket fan 'e Westgermaanske taalkloft. Mei de Noardgermaanske talen (Noarsk, Deensk, Sweedsk, ensfh.) foarmje de Westgermaanske talen de Germaanske taalfamylje, en dy heart wer ta de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, yn 'e mande mei û.o. de Keltyske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen.
Taalgebiet It taalgebiet fan it Skotsk omfiemet it hiele leechlân fan Skotlân, fan 'e Ingelske grins yn it suden oant de Skotske Heechlannen yn it noardwesten. Fierders hearre ek de Orkney- en Sjetlâneilannen, dy't benoarden Skotlân yn 'e Noardsee lizze, ta it Skotske taalgebiet, mei dêropta de noardeastpunt fan it skiereilân Caithness, oftewol it gebiet om it plak Thurso hinne, dat yn it uterste noarden fan it Skotske fêstelân leit. De Orkney- en Sjetlâneilannen en de krite om Thurso hinne waarden yn 'e Midsiuwen kolonisearre troch Noarske Wytsingen, en sadwaande waard yn dy kontreien foarhinne Norn sprutsen, in Noardgermaanske taal, dy't lykwols yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw útstoarn is.
Yn Noard-Ierlân falt it Skotske taalgebiet útinoar yn twa aparte gebieten. Dat binne it eastlike diel fan it súdeastlike greefskip Down, oan 'e eastkust fan Noard-Ierlân, en it noarden fan 'e noardwestlike greefskippen Antrim en Derry, oan 'e noardkust. Yn 'e Ierske Republyk binne de Skotsksprekkers konsintrearre yn it sintrale diel fan it noardwestlike greefskip Donegal, tsjin 'e westgrins fan Noard-Ierlân oan.
Skiednis It Angelsaksyske tiidrek Yn 'e fyfde iuw ferlieten de Angelen en de Saksen massaal harren heitelân yn noardlik Dútslân om as ûnderdiel fan it Grutte Folkeferfarren fan it Jeropeeske fêstelân oer te stekken nei de Britske Eilannen. Dêrby namen se harren Germaanske dialekten mei, dy't har yn harren nije lân ûntjoegen ta it Angelsaksysk (of Aldingelsk). Yn 'e sânde iuw stiften de Angelen yn noardlik Ingelân it keninkryk Noardumbrje, en fan dêrút begûnen se yn 'e achtste iuw oan in opmars yn súdlik Skotlân, ta skea fan 'e ûnderskate riken fan 'e Brytoanyske Kelten dêre. Op it hichtepunt fan har macht behearsken de Angelen it hiele súdeasten fan Skotlân, oan Edinburch ta, en hiene se ek it uterste súdwesten fan it lân, oant en mei de Flakte fan Kyle, yn 'e besnijing. Fan likernôch 800 ôf brochten ynterne strideraasjes en ynfallen fan 'e Wytsingen harren hegemony lykwols ûnder fuotten, en neitiid waard súdeastlik Skotlân ferovere troch it mienskiplik keninkryk fan 'e Pikten en de Gaelen, dêr't him it Keninkryk Skotlân út ûntwikkele.
Underwilens hie it Noardumbryske Angelsaksysk him tsjin 'e ein fan 'e sânde iuw foargoed yn it súdeasten fan Skotlân fêstige, alhiel oan 'e rivier de Forth ta, en de ferskowende grinzen feroaren dêr letter neat mear oan. Wylst it Skotsk-Gaelysk yn Skotlân doedestiden de bestjoers- en hoftaal wie, bleau it súdeasten in Angelsaksysktalich gebiet, dêr't him geandewei de tolfde en trettjinde iuw in wat ôfwikende foarm fan it Midingelsk ûntjoech, dy't Aldskotsk (of Ier Skotsk) neamd wurdt. De wichtichste reden dêrfoar wie de ymmigraasje fan Angelsaksen út it noarden en de midden fan Ingelân wei, wa har spraakgebrûk in sterke ynfloed fan it Deensk ûndergien hie. Lettere ynfloeden op it Skotsk kamen benammen fan it tsjerklik en juridysk Latyn, fan it Normandyske Frânsk fan in protte nijynkommen eallju en fan it Paryske Frânsk fia de Auld Alliance, it iuwenlange bûnsgenoatskip tusken Skotlân en Frankryk. Hoewol't de ynfloed fan it Latyn op it Ingelsk likernôch itselde west hawwe sil, krige it Skotsk folle minder en oare ynfloeden fan it Frânsk te ferduorjen. Boppedat wiene der noch oare ynfloeden dy't de kleau mei it Ingelsk grutter makken, wêrûnder dy fan it Nederlânsk en Nederdútsk fia de hannel, en troch ûntliening út it Skotsk-Gaelysk.
It Aldskotske tiidrek Fan 'e trettjinde iuw ôf begûn it taalgebiet fan it Skotsk him út te wreidzjen, wêrby't it bûten it oarspronklike súdeasten it earst oannommen waard yn 'e stêden. Tsjin it begjin fan 'e fjirtjinde iuw hie it Skotsk, dat almar oanwûn oan prestiizje, it Frânsk, dat doe yn Skotlân krekt yn it neigean rekke, ferfongen as de wichtichste skriuwtaal yn it grutste part fan it easten fan it lân. Foar de fyftjinde iuw wie it trouwens sa dat de namme "Skotsk" (Scottis) foarbeholden wie oan it Keltyske Skotsk-Gaelysk, wylst it Leechlânsk-Skotsk fan Inglis of Ynglis ("Ingelsk") neamd waard.
Om 1400 hinne hie it Skotsk him lykwols ta in aparte taal ûntwikkele, dy't dúdlik net deselde wie as de taal dy't oare kant de grins yn Ingelân sprutsen waard, mar dy't noch in eigen namme miste. Fanôf likernôch 1495 waard it wenst om mei Scottis it Skotsk oan te tsjutten, wylst men doe foar it Skotsk-Gaelysk fan Erse ("Iersk") begûn te sprekken. Dat jout moai it omslachpunt oan wêrby't it Skotsk de machtsstriid mei it Skotsk-Gaelysk yn syn foardiel wist te besljochtsjen: foartiid waard it Skotsk as in frjemde taal sjoen ("Ingelsk"); no begûn men it Skotsk-Gaelysk as in frjemde taal te sjen ("Iersk"). De oergong fan it Aldskotsk nei it histoaryske tiidrek fan it Midskotsk wurdt ornaris om 1500 hinne lein, en falt dus ek sa'n bytsje gear mei dy ûntwikkeling.
It Midskotske tiidrek Tsjin 'e sechstjinde iuw hie it Midskotsk in eigen stavering en literêre noarmen ûntjûn, dy't dúdlik oars wiene as dy't yn Ingelân foar it Ingelsk ûntwikkele waarden. Tusken 1610 en de 1690-er jierren ferfearen ûnder de saneamde Plantaazje fan Ulster likernôch 200.000 protestantske, Skotsksprekkende Leechlanners nei it noarden fan Ierlân, dêr't se har úteinlik ûntwikkelje soene ta de Ulsterske folksgroep, dy't yn 'e rest fan 'e wrâld better bekend is as de protestantske Noardieren. Hoewol't der ek Ingelske kolonisten wiene dy't har noardlik Ierlân nei wenjen setten, wiene der fiif of seis kear safolle Skotten.
Underwilens wie it Skotsk fan 'e fyftjinde iuw ôf ûnder groeiende ynfloed fan it dominantere Ingelsk kommen te stean. Fral tige wichtich wie dêrby dat de earste printparse yn 1476 yn Londen ynstallearre waard, mar dat Skotlân pas tritich jier letter syn earste printparse krige. Tsjin dy tiid wiene in protte teksten, lykas de Sjenêvebibel, in oersetting fan 'e Bibel, al yn it Ingelsk yn Skotlân ferspraat. In oare neidielige ûntwikkeling foar it Skotsk wie dat de Skotske kening Jakobus VI yn 1603 op 'e Ingelske troan kaam, mei as gefolch dat Skotlân en Ingelân yn in personele uny mei-inoar ferbûn waarden en it Skotske Keninklik Hof nei Londen ferhuze, dêr't de Skotske hofdichters de Ingelske taal oernamen. Mei't der doe noch altyd gjin Skotske bibeloersetting wie, naam de Tsjerke fan Skotlân yn 1611 de Ingelsktalige King James Bible oan as de offisjele ferzje fan 'e Bibel, sadat it Skotsk fierhinne út 'e tsjerke ferballe waard.
It Nijskotske tiidrek Doe't Skotlân en Ingelân yn 1707 ek in politike uny oangiene, wêrby't Skotlân syn ûnôfhinklikens ferlear, sadat it eigen Skotske regear en parlemint opheft waarden, ferlear it Skotsk foargoed syn status fan bestjoerstaal. Op dit punt wurdt ornaris de oergong fan it Midskotsk nei it Nijskotsk lein. Neitiid besochten in protte lju yn liedingjaande posysjes yn it lânsbestjoer en it ûnderwiis it near te lizzen op it gebrûk fan it Skotsk, fral as skriuwtaal, mar ek as sprektaal. In protte Skotske notabelen út dy tiid, lykas David Hume en Adam Smith, woene har langer ek net mear Skotten neame, mar meaten harsels de namme "Noardbritten" oan. Hja diene alle war om har fan it Skotsk te ûntdwaan, mei't it Ingelsk de iennichste offisjele taal fan it nije feriene keninkryk Grut-Brittanje wie. Likegoed wiene der ek Skotten dy't har neat oan 'e nije moade gelegen lizze lieten, lykas Alexander Boswell, in lid fan it Heechgerjochtshôf fan Skotlân, dy't yn syn funksje as rjochter Skotsk prate en ta argewaasje fan guon tiidgenoaten sels yn syn skriuwen skottisismen net mijde. Oan it miene folk, dat noch in protte mei skriuwen op hie, noch folle omgong mei de heechste klassen hie, gie dizze ûntwikkeling fierhinne foarby, sadat it Skotsk tsjin 1800 fierhinne de sprektaal fan 'e gewoane man wurden wie.
Oan 'e ein fan 'e achttjinde en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw waard it Skotsk as skriuwtaal nij libben ynblazen troch skriuwers as Robert Burns, Allan Ramsay en James Orr, dy't troch eleminten út ferskate dialekten te brûken in nije standerttaal ûntwikkelen. Dat late derta dat yn 'e Fiktoriaanske Tiid Skotske kranten geregeldwei artikels en kommentaar yn it Skotsk werjoegen. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw sakke dizze oplibbing lykwols wer fuort, en de standerttaal fan Burns-en-dy rekke yn 't ferjit, sadat der op it stuit gjin algemien akseptearre standert mear bestiet.
Tsjin 'e 1940-er jierren fûn de ôfdieling Underwiis fan it Britske ministearje fan Skotske Saken dat it Skotsk "nearne de taal is fan lju dy't ûnderwiis genoaten hawwe, en net omskreaun wurde kin as in gaadlike drager foar ûnderwiis of kultuer." Der mocht dan op 'e skoallen yn Skotlân ek gjin Skotsk mear sprutsen wurde, en hoewol't de learlingen nei skoaltiid ûnderinoar oergiene ta it Skotsk, bemjuksen se generaasje nei generaasje almar mear Ingelsk yn harren praat. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw krige dat proses noch mear faasje troch de ynfloed fan 'e (Ingelsktalige) massamedia. Tsjin 'e milenniumwiksel wie it Skotsk yn in grut part fan it Skotske leechlân op it rântsje fan it útstjerren brocht.