Jonkershuzen (ek: Buwaldabuorren) is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân en foel oant 2011 ûnder Wûnseradiel. Jonkershuzen leit yn de eastlike himrik fan Tsjerkwert. De buorskip leit tusken Tsjerkwert en Blauhús en de bebouwing bestiet út in fjouwertal pleatsen dy't oan 'e noardkant fan 'e Himdyk byinoar lizze. Ien pleats oan 'e súdkant fan 'e Himdyk, mei nûmer 2, Maskeboerherne, kin ek ta de buorskip rekkene wurde.. Jonkershuzen leit oan de Hillebrandsfeart dy't de buorskip mei de doarpskom fan Tsjerkwert ferbynt.
Skiednis It is net de namme foar in pleats of in famylje, mar foar in hiel buorskip dy't út teminsten fjouwer pleatsen bestie. De bewenners waarden faak as 'toe Buualda' of 'te Bualdabuiren' oantsjutten. De pleatsen leinen op of njonken de terp oan de Hillebrandsfeart. Net ien fan de pleatsen hat eigendom fan in jonker of haadling west. Yn Jonkershuzen stie ek de stins Hoytema State. Homme Hoytema, dy't sels gjin eigendom op Buwaldabuorren hie, wie de ienige aadlike bewenner. Troch de houlikspolityk yn de sechtjinde en de iere santjinde iuw wienen lykwols alle eigeners-brûkers fan de saten fan Buwaldabuorren yn 1640 nau mei 'jonkers' besibbe. Gearstalde famyljenammen, kertierwapens op grêfstiennen en alliânsjewapens op gevelstiennen beneidrukten dy sibskip. De oantsjutting 'jonkers' krige faak in hunende ûndertoan en sil wol stimulearre wêze trochdat se troch oaren as klyk sjoen waaarden. Se hearden lykwols ta ferskillende famyljes, mar bleauen allegear katolyk en wienen ûnderling op mear as ien manier besibbe.
Kategory:Tsjerkwert Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân