Beatrice A. de Graaf (Putten, 19 april 1976) is in Nederlânsk histoarikus en heechlearaar oan de Universiteit Utert. Sy is geregeld oan 't wurd yn de media as terrorismedeskundige.
Stúdzje en wurk
De Graaf studearre Skiednis en Dútsk oan de Universiteit Utert en de Universiteit fan Bonn. Desimber 2004 promovearre se op in proefskrift oer de relaasje tusken de DDR, de fredesbeweging en de Nederlânske tsjerken. Foar dit proefskrift ûntfong se yn 2005 de Max van der Stoel-Minskerjochtepriis.Award winners Max van der Stoel Human Rights Award, Tilburg University. Sjoen 28 maart 2015 Nei har promoasje wurke De Graaf yn Utert as universitêr dosint. Yn 2007 stapte se oer nei de Universiteit Leien, dêr't se mei-oprjochter wie fan it Centre for Terrorism and Counterterrorism (CTC), ferbûn oan de Kampus De Haach. Yn 2012 waard se beneamd ta heechlearaar 'Konflikt en feilichheid yn histoarysk perspektyf' oan it CTC. Yn febrewaris 2014 gie se werom nei de Utertske universiteit. Dêr beklaait se de learstoel "History of International Relations & Global Governance" binnen it strategysk tema "Instituties".Beatrice de Graaf wordt hoogleraar bij de Universiteit Utrecht, parsebericht Universiteit Utert, 5 desimber 2013
De Graafs oerkoepeljend ûndersykstema is de skiednis fan feilichheid en (kontra)terrorisme fan de 19e iuw ôf oan. Tusken 2009 en 2013 die hja ûndersyk op dat mêd mei in NWO VIDI & ASPASIA-beurs foar it projekt Enemies of the State,Enemies of the State. The making of the National Security State in the Western world, 1945-2001, webstee NWO. Sjoen op 28 maart 2015 en as Fellow oan it Netherlands Institute for Advanced Study (NIAS). Yn 2014 krige se in ERC Consolidator Grant foar it projekt Securing Europe, Fighting its enemies, wêrfoar't hja mei in tiim fan histoarisy de ûntjouwing fan Jeropeeske feilichheidsrezjymes tusken 1815 en 1914 ûndersiket.Prestigious European grant for Beatrice de Graaf, parseberjocht Universiteit Utert, 9 desimber 2013 Njonken dat docht se ferskaat oan ûndersyk nei terrorisme en feiligens yn de ienentweintichste iuw, bygelyks nei de effekten op de mienskip fan rjochtsaken tsjin terroristen.Terrorists on Trial. The Court Room as a Stage in the Struggle for Publicity, Public Support and Legitimacy, website NIAS-KNAW. Sjoen op 28 maart 2015
Yn 2022 publisearre se it essay Crisis! by gelegenheid fan de lanlike Moanne fan de Skiednis. Yn 'e maitiid fan 2024 krigen sy en har ûndersyksteam, Adapt!, in subsydzje fan € 23 miljoen fan 'e Nederlânske Organisaasje foar Wittenskiplik Undersyk (NWO) om it oanpassingsfermogen fan maatskippijen yn krisistiden te ûndersykjen.Maud Zonneveld, Wat te doen in tijden van crisis?, Historisch Nieuwsblad, 1 novimber 2024.
Njonkenaktiviteiten Beatrice de Graaf is lid fan De Jonge Akademy fan de KNAW,Leden van De Jonge Akademie de European Council on Foreign Relations en ferskate advyskommisjes op it mêd fan nasjonale en ynternasjonale feiligens. Yn de media jout se as terrorisme-ekspert geregeldwei kommentaar op de aktualiteit.
Fan novimber 2004 oant juny 2013 wie De Graaf foarsitter fan de Vereniging van Christen-Historici (VCH). Yn 1998 wie se al redakteur wurden fan Transparant, it kwartaaltydskrift fan de VCH.Historicus met christelijke scoop, Reformatorisch Dagblad, 15 novimber 2004 Beatrice de Graaf is lid van de KristenUny en stie foar dy partij as fyfde op de list foar de ferkiezing fan de Earste Keamer yn 2015 (de KristenUny helle trije sitten).Kandidatenlijst ChristenUnie Eerste Kamer 2015. Sjoen op 28 maart 2015
Sûnt juny 2014 is se lid fan de European Council on Foreign Relations.
Op 23 jannewaris 2015 waard Beatrice de Graaf tegearre mei Alexander Rinnooy Kan beneamd ta foarsitter fan de Nasjonale Wittenskipsagenda.Beatrice de Graaf en Alexander Rinnooy Kan voorzitters Nationale Wetenschapsagenda, Rijksoverheid.nl, 23 jan. 2015 Yn 2017 waard De Graaf beneamd ta lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen en yn 2018 waard har de Stevinpreemje (2,5 miljoen euro) takend troch de NWO. Yn 2022 publisearre se mei KNAW-kollega's de hantrekken Wetenschap met de ramen open.
Bibliografy (in kar) Boeken Duitsland en Europa 1945-2000. De Nieuwe Studiegids havo/vwo 2000-2001 voor het CSE geschiedenis en staatsinrichting, Amsterdam: Meulenhoff Edukatyf 1999 Over de muur: de DDR, de Nederlandse kerken en de vredesbeweging, Amsterdam: Boom 2004, (proefskrift Universiteit Utert) (mei Isabelle Duyvesteyn) Terroristen en hun bestrijders: vroeger en nu, Amsterdam: Boom 2007 Theater van de angst: de strijd tegen terrorisme in Nederland, Duitsland, Italië en Amerika, Amsterdam: Boom 2010 Gevaarlijke vrouwen: tien militante vrouwen in het vizier, Amsterdam: Boom 2012Het glazen plafond van Tanja Nijmeijer, Trouw, 25 novimber 2012 Evaluating Counterterrorism Performance. A Comparative Approach, Oxford/New York: Routledge 2011, 2014 Heilige Strijd, het verlangen naar veiligheid en het eind van het kwaad, 2017. In persoanlik essay oer it kwea. Tegen de terreur. Hoe Europa veilig werd na Napoleon, Amsterdam: Prometheus 2018 Radicale verlossing. Wat terroristen geloven. Prometheus, 2021 Crisis!, Amsterdam: Prometheus 2022, Essay Maand van de Geschiedenis 2022 Wij zijn de tijden, Amsterdam: EW Boeken 2025
Bondels Patrick Dassen, Ton Nijhuis en Krijn Thijs (red.) Duitsers als slachtoffer: Het einde van een taboe? Amsterdam: Duitsland Instituut 2007 (bydrage) Cees Dekker (red.) Geleerd & Gelovig: 22 Wetenschappers over hun leven, werk en God. Kampen: Ten Have 2008 (bydrage) Frits Boterman en Willem Melching (red.) Het wonder Bondsrepubliek: In 20 portretten, Amsterdam: Nieuw Amsterdam 2009 (bydrage) Beatrice de Graaf, Erwin Muller en J.A. van Reijn (red.), Inlichtingen- en veiligheidsdiensten. Alphen aan den Rijn: Kluwer 2010. Frits Boterman, Arnold Labrie en Willem Melching (red,), Na de catastrofe: De Eerste Wereldoorlog en de zoektocht naar een nieuw Europa. Amsterdam: Nieuw Amsterdam 2014 (bydrage) Beatrice de Graaf, George Dimitriu en Jens Ringsmose (red.), Strategic Narratives, Public Opinion and War : Winning domestic support for the Afghan War, Londen: Routledge 2015 Frank Judo en Stijn Van de Perre (red.), Belg en Bataaf: De wording van het Verenigd Koninkrijk der Nederlanden. Antwerpen: Polis 2015 (bydrage) Marjolein 't Hart, Karel Davids, Karwan Fatah-Black, Lex Heerma van Voss, Leo Lucassen en Jeroen Touwen (red.), Wereldgeschiedenis van Nederland. Amsterdam: Ambo Anthos/Huygens Instituut voor Nederlandse Geschiedenis 2018 (bydrage) Beatrice de Graaf, Ido de Haan en Brian Vick (red.), Securing Europe after Napoleon: 1815 and the new European security culture. Cambridge: Cambridge University Press 2019. Lex Heerma van Voss, Nadia Bouras, Marjolein 't Hart, Manon van der Heijden en Leo Lucassen (red.), Nog meer wereldgeschiedenis van Nederland. Amsterdam: Ambo Anthos/Huygens Instituut voor Nederlandse Geschiedenis 2022 (bydrage) Beatrice de Graaf, Ozan Ozavci en Erik de Lange (red.), Securing Empire: Imperial Cooperation and Competition in the Nineteenth Century. Londen: Bloomsbury Publishing 2024.
Essay Yn 2022 publisearre se it essay Crisis! by gelegenheid fan de lanlike Moanne fan de Skiednis.
Artikelen F. Demant en Beatrice de Graaf, 'How to Counter Radical Narratives: Dutch Deradicalization Policy in the Case of Moluccan and Islamic Radicals', Studies in conflict and terrorism, vol.33 iss.5 (2010) s. 408-428 Beatrice de Graaf en Cornel Zwierlein, 'Historicizing Security. Entering the Conspiracy Dispositive', Historical Social Research, vol.38 iss.1 (2013) s. 46-64 Beatrice de Graaf en Marieke de Goede, 'Sentencing Risk. Temporality and Precaution in Terrorism Trials', International Political Sociology, vol.7 iss.3 (2013) s. 313-331 Beatrice de Graaf, 'The Van Gogh Murder and Beyond', In: Bruce Hoffman & Fernando Reinares (red.), The evolution of the global terrorist threat : from 9/11 to Osama bin Laden's death (pp. 144-187), New York: Columbia University Press 2014 Beatrice de Graaf, 'Second-tier Diplomacy. Hans von Gagern and William I in their Quest for an Alternative European Order, 1813-1818', Journal for Modern European History, vol.12 iss.4 (2014) s.546-566 George Dimitriu en Beatrice de Graaf, 'Fighting the War at Home: Strategic Narratives, Elite Responsiveness, and the Dutch Mission in Afghanistan, 2006–2010', Foreign Policy Analysis (forthcoming 2015, earst online 18 juny 2014) de Graaf, B. A. (2018). Vorstin op vredespad: Wilhelm II en Wilhelmina en het einde van de Eerste Wereldoorlog. Tijdschrift Voor Geschiedenis, 131(4), 577-604 (Digitale ferzje TvG)
Lêzingen en publike optredens (kar-út) Het Nationaal Archief als tijdbom (Ketelaarlêzing), 19 novimber 2012 Ecce homo. Herkenning en registratie in geschiedenis en veiligheidsbeleid. De historicus als veiligheidsonderzoeker Oraasje Universiteit Leien, 22 maart 2013 Zomergasten, 11 augustus 2013 DWDD University, 12 maart 2016 (oer terrorisme) en 25 maaie 2017 (oer spionaazje)
Keppeling om utens Webside Beatrice de Graaf by de Universiteit Utert Beatrice de Graaf by FID Benelux-Forschungsverzeichnis
Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit Leien Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit Utert Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Terrorisme Kategory:Lid fan De Jonge Akademy Kategory:Lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen Kategory:Putten Kategory:Persoan berne yn 1976