De skiep en geiten (wittenskiplike namme: Caprini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae). Dizze tûke kin opdield wurde yn 10 ûnderskate skaaien. Ta de skiep en geiten hearre, ôfhinklik fan 'e yndieling, 24 of 25 soarten bisten, mei as bekendste fertsjintwurdigers it skiep en de geit.

Tûke-opbou

tûke skiep en geiten (Caprini) skaai Arabyske taargeiten Arabitragus: 1 soarte skaai berchgeiten (Oreamnos): 1 libbene soarte skaai blauskiep (Pseudois): 2 soarten skaai geiten (Capra): 8 soarten skaai gimzen of gemzen (Rupicapra): 2 soarten skaai gnoegeiten of takins (Budorcas): 1 soarte skaai Himalayataargeiten (Hemitragus): 1 soarte skaai moanneskiep (Ammotragus): 1 soarte skaai Nilgirytaargeiten (Nilgiritragus): 1 soarte skaai skiep (Ovis): 7 soarten

Kategory:Holhoarnige