De blauskiep (wittenskiplike namme: Pseudois) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e skiep en geiten (Caprini).

Dit skaai bestiet út twa soarten, it blauskiep, ek de bharal neamd, (Pseudois nayaur) en it dwerchblauskiep of de Sichuanbharal (Pseudois schaeferi). Beide soarten komme foar yn Aazje, it blauskiep yn 'e Himalaya en it dwerchblauskiep yn sintraal Sina. It skaai fan 'e blauskiep is nau besibbe oan û.m. de skaaien fan 'e geiten (Capra) en de skiep (Ovis).

Skaai-opbou

skaai blauskiep (Pseudois) blauskiep of bharal (Pseudois nayaur) dwerchblauskiep of Sichuanbharal (Pseudois schaeferi)

Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Holhoarnige