De hoarnleazen (wittenskiplike namme: Tragulina) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia). Dizze taksonomyske groep omfettet sân útstoarne famyljes, mei dêropta de dwerchharten (Tragulidae), wêrfan't noch seis libbene soarten besteane. De hoarnleazen foarmje de tsjinfuotters fan 'e hoarndieren (Pecora), it oare tuskenskift fan 'e wjerkôgers, dêr't folle mear libbene soarten ûnder falle.
Klassifikaasje
tuskenskift hoarnleazen (Tragulina) famylje Archaeomerycidae † famylje Bachitheriidae † famylje dwerchharten (Tragulidae): 6 soarten famylje Gelocidae † famylje Hypertragulidae † famylje Leptomerycidae † famylje Lophiomerycidae † famylje Praetragulidae †
Kategory:Evenhoevige