De wjerkôgers (wittenskiplike namme: Ruminantia) foarmje in ûnderskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla). It meast karakteristike skaaimerk fan 'e soarten dy't ta dizze groep hearre, is dat se iten dat se al trochslokt hawwe, letter wer opbringe om it nochris op 'e nij te kôgjen, in ferskynsel dat wjerkôgjen neamd wurdt. Dêrby moat wol opmurken wurde dat net alle wjerkôgjende bisten ta de taksonomyske groep fan 'e wjerkôgers hearre; kamieleftigen, bygelyks, dy't ta de ylpoatigen (Tylopoda) hearre, wjerkôgje nammentlik ek.
De wjerkôgers falle útinoar yn twa tuskenskiften, te witten de hoarnleazen (Tragulina) en de hoarndieren (Pecora). Fan 'e hoarnleazen hat inkeld de famylje fan 'e dwerchharten (Tragulidae) noch libbene soarten. De hoarndieren omfiemje in folle gruttere groep bisten, wêrûnder de kobisten, skiep en geiten, harten, antilopen en sjiraffen.
Klassifikaasje
ûnderskift wjerkôgers (Ruminantia) tuskenskift hoarnleazen (Tragulina) famylje Archaeomerycidae † famylje Bachitheriidae † famylje dwerchharten (Tragulidae): 6 soarten famylje Gelocidae † famylje Hypertragulidae † famylje Leptomerycidae † famylje Lophiomerycidae † famylje Praetragulidae † tuskenskift hoarndieren (Pecora) incertae sedis (yndieling ûnwis) famylje Dromomerycidae † lytsskift sjiraffoarmigen (Giraffomorpha) famylje gaffelantilopen (Antilocapridae): 1 soarte famylje Palaeomerycidae † boppefamylje sjirafeftigen (Giraffoidea) famylje Climacoceratidae † famylje sjiraffen en okapys (Giraffidae): 5 soarten lytsskift kofoarmigen (Bovimorpha) boppefamylje hartdieren (Cervoidea) famylje harteftigen (Cervidae): 49 soarten famylje Hoplitomerycidae † boppefamylje kodieren (Bovoidea) famylje holhoarnigen of hoarnfee (Bovidae): 135 soarten famylje muskusharten (Moschidae): 7 soarten
Kategory:Evenhoevige