De berchgeiten (wittenskiplike namme: Oreamnos) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), de ûnderfamylje fan 'e geiteftigen (Caprinae) en de tûke fan 'e skiep en geiten (Caprini).
Dit skaai is yn syn fersprieding beheind ta de bercheftige kriten yn it noardwesten fan Noard-Amearika en omfiemet noch mar ien soarte, de sniegeit (Oreamnos americanus). Oant de ein fan it Pleistoseen wie der noch in twadde soarte, de harringtonberchgeit (Oreamnos harringtoni), dy't súdliker libbe, yn wat no it Amerikaanske Súdwesten en Meksiko is.
Skaai-opbou
skaai berchgeiten (Oreamnos) harringtonberchgeit of Harringtons berchgeit (Oreamnos harringtoni) † sniegeit (Oreamnos americanus)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Holhoarnige