It Tsjerkhôf by Jûntiid is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. It Tsjerkhôf by Jûntiid is in oandwaanlike weeklacht fan in heit om syn ferstoarne bern.
Tekst It Tsjerkhôf by Jûntiid Of: It Grêf fan Lokke
Dêr op dat hege tsjust're hôf Lei ik myn Lokke del; Dêr setten har myn bruorren ôf, Dêr yn dy kûle del.
Dêr leiste, Lokke, dêr, myn bern! Dêr yn dy kâlde grûn. Mei dy ha 'k alles hjir ferlern, Wat m' oan de wrâld ferbûn.
Dêr leit myn libben en myn sin, Dêr yn dy griene wier. Dat nimmen mear in trien ontrinn', Ik fiel en fiel it swier.
De toersklok bile hol en fol, Doe 'k har nei 't hôf ta brocht; My tinkt, ik hear it jitte wol, En sjoch it as by ljocht!
En mannich famke teach dermei Nei 't hege tsjerkhôf ta, De bier mei Lokke efternei, En kriet en snokk're sa.
En mannich feintsje teach dermei Nei 't hege tsjerkhôf ta, De bier mei Lokke efternei, En kriet en snokk're sa. En beppe mei har reinkleed om Kaam slierend efteroan; Dat âlde minske goed en from Troch rou en leed bestoarn.
Sa tôge se har lêste blom Nei 't neare tsjerkhôf ta, En moast noch yn har âlderdom Ek dizze rouwe ha.
Wat is it libben op 'e wrâld In wif en faai bestean! Hoe selden sjocht men immen âld! Hoe faak in blom fergean!
Dy't hjoed fol libben en fol fjoer Om grêf noch stjerren tinkt, Hat moarn it wite deakleed oan, Ferjit men – en fersinkt.
Mar, famke, sliep en slomje dêr, Dêr yn dy griene wier; Dat wjirm en modder dy fertarr', Fertarr' mei 't earste jier!
As nei in lange wile en tiid Nin trien mear om dy rint, En de âlde freonskip wiid en siid Wer nije freonen fynt;
Dan tink ik jit om dy, myn bern, Te ier ferwile blom, Sa faak as ik it tsjerkhôf sjen, En op dy grêfstien kom.
Kategory:Literêr wurk fan de bruorren Halbertsma Kategory:Frysktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1829 Kategory:Treurdicht