De gaswein wie in troch Nazy-Dútslân en de Sovjet-Uny brûkt reau om in protte minsken tagelyk dea te dwaan."Gas Wagons: The Holocaust's mobile gas chambers", an article of Nizkor ProjectRobert Gellately. Lenin, Stalin, and Hitler: The Age of Social Catastrophe. Knopf, 2007 ISBN 1400040051 s. 460 De SS brûkte yndertiid ek de ferhoalen oantsjuttings Sonderwagen, Sonderfahrzeug, Spezialwagen en Entlausungswagen.
Sowjet-Uny De gaswein waard útfûn en brûkt troch de geheime plysje, de NKVD, fan de Sowjets ein jierren tritich ûnder de Grutte Suvering.Jevgenia Albats, KGB: The State Within a State. 1995, s. 101Robert Gellately. Lenin, Stalin, and Hitler: The Age of Social Catastrophe. Knopf, 2007 s. 460Catherine Merridale. Night of Stone: Death and Memory in Twentieth-Century Russia. Penguin Books, 2002 s. 200Timothy J. Colton. Moscow: Governing the Socialist Metropolis. Belknap Press, 1998. s. 286
Dútslân De moarderij yn 1940 en 1941 dêr't de Duitsers by de slachtoffers deasketten, hie fan gefolgen dat in protte soldaten psychyske problemen krigen. Arthur Nebe krige de taak om te sykjen nei in metoade dêr't de militêren sa folle net fan te lijen hiene by it moardzjen. Hy hie yn 1940 yn East-Prusen al eksperimintearre mei gasweinen om geastlik beheinden om te bringen.The path to genocide: essays on launching the final solution fan Christopher R. Browning]The destruction of the European Jews, Part 804, Volume 1 fan Raul Hilberg
De slachtoffers waarden yn de luchttichte frachtromte fan de gaswein dreaun. De útlit fan de wein wie fia in slange oan in gat yn de boaiem fan de frachtromte keppele. De gaswein ried nei it begraafplak (yn de bosk) of it krematoarium wylst de útlitgassen fan de motor de laadromte yngiene. De finzenen stoaren troch koalmonokside en fersmoaring.
De gasweinen waarden foaral ynset yn it ferneatigingskamp Chełmno, mar ek yn oare parten fan de troch Dútslân ferôvere gebieten. De gasweinen waarden brûkt oant de gaskeamers ûntwikkele waarden. Dy wize fan fergassen wie stikken effisjinter.
Kategory:Holokaust Kategory:Porajmos Kategory:Moard Kategory:Sovjet-Uny Kategory:Terjochtstellingsark