De Wolkomstsjerke is de fermanje fan de doopsgesinde gemeente fan Damwâld.

Skiednis Op it plak fan in âldere houten skûltsjerke waard op 29 april 1767 troch de twa-jierrige Wyger Martens Wiegersma de earste stien foar in stiennen tsjerke lein. Yn 1910 waard oan de súdlike kant fan de sealtsjerke in oanbou tafoege.

Sûnt 1964 stiet it gebou op de monumintenlist.

It ynterieur fan de tsjerke waard mei in ferbouwing yn 1974-1975 oanpast. De preekstoel waard ferfongen en foar de tsjerkebanken kamen stuollen yn it plak.Mennistegemeente Damwâld

Yn april 2017 fierde de gemeente it 250-jierrich bestean fan de tsjerke.Omrop Fryslân Oargel It oargel fan de Wolkomstsjerke waard yn 1885 boud troch de Ljouwerter oargelfirma Bakker & Timmenga. Op 17 maaie 1885 waard it ynstrumint yn gebrûk nommen. Yn 2008 waard it front tagelyk mei in opknapbeurt fan it ynterieur wyt skildere.Kerk en Orgel

Keppeling om utens Disposysje fan it oargel op de side Kerk en Orgel

Kategory:Damwâld Kategory:Tsjerkegebou yn Dantumadiel Kategory:Gemeentlik monumint yn Dantumadiel Kategory:Bouwurk út 1767