thumb|left|175px|Madonna mei bern (1939) yn Dronryp Miklós Béla Hoffer Ek: Miklos Béla Hoffer. (Boedapest, 24 oktober 1910 – Grins, 7 oktober 1987) wie in Nederlânsk tekenlearaar en byldhouwer.

Libben Hoffer waard yn 1910 yn Boedapest berne út Hongaarske âlden dy't fan etnysk Dútsk komôf wiene. Hy kaam yn 1919 mei in bernetransport nei Nederlân. Hy folge de kweekskoalle yn Hilfertsom en waard dosint yn Fryslân; yn Huzum wie Beb Mulder ien fan syn learlingen. Hoffer boaske yn 1941 oan Agatha Theodora van der Werf (1910-2012). Yn 1949/1950 waard er naturalisearre ta Nederlanner.Naturalisatie van Louis Jacques Coppejans en 22 anderen : Memorie van toelichting (pdf)

Neist learaar wie Hoffer lid fan de Friese Kunstkring en aktyf as byldhouwer. Hy wurke figueratyf yn hout en stien en makke ûnder mear kristlik religieusk wurk.

Sjoch ek List fan Nederlânske byldhouwers

Kategory:Hongaarsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Persoan fan Hongaarsk-Dútsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Hongaarsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 1987