Lambertus Johannes Marie (Beb) Mulder (Huzum, 18 febrewaris 1939 – Ljouwert, 30 septimber 2020) wie in Nederlânsk byldhouwer, grafysk ûntwerper en keunstskilder.
Libben en wurk Mulder waard berne út Grinslanner âlden oan de Nieuwe Schrans yn Huzum. Mulder syn heit wie sjef ekspedysje by Vroom en Dreesmann. Hy learde tekenjen op de legere skoalle fan byldhouwer M.B. Hoffer, learde oan de ôfdieling skilderjen oan de ambachtsskoalle en wurke dêrnei mei ûnder oaren Jan Stroosma en Auke de Vries op de dekoraasjeôfdieling fan V&D. In pear jier letter waard er selsstannich etaleur/dekorateur en besocht er de Akademy Vredeman de Vries yn de jûnsoeren. Hy joech sels les oan de Academie Voor Expressie en Communicatie. Mulder wie lid fan it Boun fan Fryske keunstners en hie in galery yn Ljouwert. Hy wurke as skilder ekspresjonistysk-abstrakt.
Mulder syn grutste wurk is Luchtspiegeling (1998), in silhûet fan kortenstiel fan de Uniastate yn Bears.Keunstwurk: Luchtspiegeling
Wurk In kar: Krússgong (1964) yn de Sint-Fransiskustsjerke yn Ljouwert Betonplastiken (1974) oan de muorre fan earder CWI, Dr. Obe Postmastrjitte 1 yn Snits Betonkronkel (1983) oan de Wollegaast yn Ljouwert Twee zwanen (1994), Wiuwert Loftspegeling (1998) oan it Stinzepaad yn Bears
Sjoch ek List fan Nederlânske byldhouwers
Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Nederlânsk byldhouwer Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn Huzum Kategory:Persoan berne yn 1939