Donald Towe Jones (Harlem (New York), 24 jannewaris 1932 – Amsterdam, 5 novimber 2004) wie in Amerikaansk-Nederlânsk dûnser, akteur en sjonger fan Afro-Amerikaansk komôf.

Biografy Jones waard oarspronklik oplaat ta reklameûntwerper yn de FS. Yn 1954 ferfear er nei Amsterdam om it dêr as dûnser te besykjen en om it rasisme yn syn lân te ûntflechtsjen. Jones waard de earste swarte stjer yn de Nederlânske showbizz. Nei't er sels sei wie er yn Nederlân yn de earste jierren in attraksje: "Ik wie in 'oddity'. In frjemd ding. Jo koene it oanreitsje en jo koene der mei prate. Ik rûn in kear troch de Leidsestrjitte en ik fielde ynienen in hân troch myn hier. Ik skrok my lam. Wiene it famkes, se seine: 'Sorry menear, wy woene ekes fiele'" Ynterview mei De Groene Amsterdammer, 1999.

Hy waard rillegau bekend yn Nederlân troch de protte optredens yn telefyzje- en kabaretproduksjes. Syn engaazjemint krige er by Sieto en Marijke Hoving yn harren kabaretgroep Tingel Tangel. Ein jierren fyftich spile er de rol fan wurkstudint Dinky yn de telefyzjerige Pension Hommeles. Yn dy searje sjong er Ik zou je in een doosje willen doen, fan Annie M.G. Schmidt en Cor Lemaire, dat in hit waard.

Donald Jones dûnse tal fan jierren yn de Snip en Snap Revu en yn de Show fan André van Duin. Yn de bernerige Mik & Mak hie er in haadrol as de freon fan de beppesizzer fan Oma Tingeling (Magda Janssens).

Jones wie in jiermannich troud mei Adèle Bloemendaal. Ut dit houlik waard yn 1963 akteur John Jones berne.

Donald Jones stoar mei 72 jier oan in hertoanfal. Hy waard kremearre op Westgaarde.Foto bezoekers crematie Donald Jones op Westgaarde

Filmografy

Murder at 1600 (1997) - Ferslachjouwer C SamSam (telefyzjerige) - Menear De Waard (ôfl. Plaats vergaan, 1994, en Daar gaat de bruid, 1996) Indigo (fideo, 1996) - Befeiliger/Swalker Dolly Dots (telefyzjerige) - Spencer (1983) Pipo de Clown (telefyzjerige) - Mik (1963-1964) Grijpstra & De Gier (1979) - Habberdoedas van Meteren Pretfilm (1976) - Ferskate rollen Bezeten - Het gat in de muur (1969) - Otto Fabian Mik & Mak (tf-rige) - Mik (1962-1963) Pension Hommeles (tf-rige) - Dinky (1957-1959)

Kategory:Amerikaansk dûnser Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Nederlânsk dûnser Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk persoan fan Amerikaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk dûnser fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1932 Kategory:persoan stoarn yn 2004