Wartsykte (Synchytrium endobioticum) is in sykte dy’t by de ierdappel foarkomt. It is in iensellige, obligaat parasitêre skimmel en kin dus allinnich op libbene planten libje. De sykte kaam oarspronklik allinnich foar yn de Andes yn Súd-Amearika, mar no komt de sykte oer de hiele wrâld foar. Yn Nederlân is it in karantênesykte mei strange wetlike regelingen.

Wartsykte foarmet gjin myselium lykas de Chytridiales, mar oant 40 jier kymkrêftige soralen. Dêryn kinne oant 300 zoöspoaren foarme wurde. In sorus is in skaaimerk fan de famylje Synchytriaceae.

Yn de maitiid komme út de sporangiums beweechlike zoöspoaren, dy’t de epidermissellen ynkringe. Yn de ynfektearre sellen wurde simmersporangums foarme, dêr’t nije zoöspoaren út komme.

Under beskate foar de skimmel minne groei-omstannichheden fusearje twa zoöspoaren ta in zygoate. De waardplantsellen mei de zygoate diele har en foarmje eventueel de want fan in nij wintersporangium. Yn de hjerst ferrotsje de warten, dêr’t de dikwandige rêstspoaren troch yn de grûn frijkomme. De diploïde rêstspoaren pro-sory ûndergeane nei in rêstperioade in ripingsdieling en meardere kearndielings en foarmje sa soralen.

Resistinsje Wrâldwiid binne der op syn minst 18 fysio’s bekend. Fysio 1 komt it meast foar. Yn Noardeast-Nederlân komme de fysio’s 2, 8 en 18 foar en yn Súdeast-Nederlân fysio 1.

Op besmette grûn is it ferbouwen fan ierdappels allinnich tastien mei resistinte rassen.

Eksterne links LfL-Bayern Julius-Kühn-Institut Datenblatt der Pflanzenschutzorganisation für Europa und den Mittelmeerraum, Franstalig / engelstalig, (PDF) Synchytrium endobioticum im Index Fungorum (Ingelsktalich)

Kategory:Skimmelsoarte Kategory:Skynskimmel Kategory:Plantesykte Kategory:Lânseigen skimmel yn Perû Kategory:Lânseigen skimmel yn Bolivia Kategory:Eksoat yn Argentynje Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn de Feriene Steaten Kategory:Eksoat yn de Oekraïne Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Estlân Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Fryslân Kategory:Eksoat yn Hongarije Kategory:Eksoat yn Ierlân Kategory:Eksoat yn Ingelân Kategory:Eksoat yn Itaalje Kategory:Eksoat yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Eksoat yn Kanada Kategory:Eksoat yn Kazachstan Kategory:Eksoat yn Letlân Kategory:Eksoat yn Litouwen Kategory:Eksoat yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Noard-Ierlân Kategory:Eksoat yn Oerûguay Kategory:Eksoat yn Poalen Kategory:Eksoat yn Roemeenje Kategory:Eksoat yn Servje Kategory:Eksoat yn Sibearje Kategory:Eksoat yn Sina Kategory:Eksoat yn Skotlân Kategory:Eksoat yn Slowakije Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika Kategory:Eksoat yn Sweden Kategory:Eksoat yn Switserlân Kategory:Eksoat yn Tsjechje Kategory:Eksoat yn Turkije Kategory:Eksoat yn Wales Kategory:Eksoat yn Wyt-Ruslân