Focke-Wulf Ta 152 275px Rol Underskeppingsjager Makker Focke-Wulf Untwerper Kurt Tank Earste flecht ein 1944 Yn tsjinst Desimber 1944/jannewaris 1945 Ut tsjinst Maaie 1945 Tal makke ± 150 (mei prototypen) (1944/45) Brûkers Luftwaffe Farianten De Focke-Wulf Ta 152 (bynamme: die Nase, 'de noas') wie Dútske jachtfleanmasine, ornearre foar ûnderskepping op grutte hichte, ûntwurpen troch yngenieur Kurt Tank en produsearre troch fleantúchfabryk Focke-Wulf.
De Ta 152 wie in trochûntwikkeling fan de Focke-Wulf Fw 190. Der soene teminsten trije ferzjes fan makke wurde: de Ta 152H Höhenjäger, de Ta 152C foar operearjen op mid-hichte, in grûnoanfalsfleantúch mei in Daimler-Benz DB 603-motor en lytsere fleugel en de jager-ferkenner Ta 152E mei de motor fan it H-model en de fleugel fan it C-model. De Ta 152 wie swier bewapene, ien fan de fluchste fleanmasines oan de ein fan de oarloch en opwoeksen tsjin de P-51 Mustang.
De earste Ta 152H kaam by de Luftwaffe yn tsjinst yn jannewaris 1945. Faaks binne der 220 stiks Ta 152 makke (prototypes meirekkene), mar net mear as 43 produksjetastellen waarden foar de ein fan de oarloch oan de Luftwaffe levere. Dat wiene fierstente min om de loftoarloch te beynfloedzjen.
Spesifikaasjes (Ta 152 H-1) thumb|Ta 152 H Rol Jachtfleantúch foar grutte hichte Mjitten Spanwiidte: 14,82 m Langte: 10,82 m Hichte: 3,36 m Draachoerflak: 23,50 m² Massa Gewicht leech: 3920 kg Startgewicht: maksimaal 5215 kg Prestaasjes Oandriuwing: ien floeistofkuolle V-12-motor Jumo 213 E-1 fan 1750 hk (2050 hk mei MW-50, wetter-alkoholynjeksje) startfermogen Heechste faasje: 730 km/o op 9500 m (sûnder MW-50) Krúsfaasje: 500 km/o Klimfaasje: 1050 m/min Tsjinstplafond: 14.800 m Fleanberik: 1200 km Bewapening ien 30-mm-masinekanon MK 108 mei 60–90 patroanen twa 20-mm-masinekanonnen MG 151/20 mei 150–175 patroanen
Keppelings om utens Ta 152 & Jumo 213 Luftarchiv.de: Ta 152 Luftwaffe Resource Center: Ta 152
Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Dútske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1944