De ierdappelkrobbe (Leptinotarsa decemlineata) is in krobbe dy’t by de famylje fan de blêdhoantsjes (Chrysomelidae) heart.

De krobbe (of tuorre) wurdt sawat in sintimeter lang en liket troch syn bolle en rûne lichem wat op in ingeltsje. De ierdappelkrobbe is giel oant gieloranje fan kleur oan de boppekant en hat altyd streken yn stee fan plakken. It is in maklik te werkennen soarte troch de giele kleur en de dekskylden en de tsien swarte streken; fiif oan elke kant. De soarte komt oarspronklik út súdlik Noard-Amearika mar is meireizge mei de ekspânsje fan de gebieten dêr’t ierdappels ferboud waarden.

De ierdappelkrobbe is in wichtige pleach foar de ierdappelplant, benammen de larven derfan binne slim fretterich en kinne ierdappellannen folslein it blêd ûntnimme. Yn de 19e iuw waarden de earste eksimplaren op it fêstelân fan Jeropa oantroffen. De tuorre hat in soad skea oanrjochte en de gefolgen dêrfan wiene grut. Sawol it leger as grutte tallen bern en wurkleazen waarden ynset om de bisten te ferbaarnen dan wol te sammeljen. Se ha besocht om de krobben út te rûgjen op de meast útienrinnende wizen, mar dy binne sûnder útsûndering mislearre. Tsjintwurdich komt de ierdappelkrobbe yn alle wrâlddielen foar.

De wyfkes lizze grutte tallen aaikes en de larven binne fergiftich, sadat se net in soad fijannen hawwe. Yn nij kolonisearre gebieten kamen sels hielendal gjin natuerlike fijannen foar, sadat de krobben ha tige flot fuortplantsje koene. Alle besykjen om natuerlike fijannen te yntrodusearjen yn troch de ierdappelkrobbe nij kolonisearre gebieten is mislearre.

Nammejouwing en taksonomy

De soart waard foar it earst wittenskiplik beskreaun troch Thomas Say yn 1824. Say wie in ynsektekundige dy’t by in wittenskiplike ekspedysje yn opdracht fan de Amerikaanske oerheid de ierdappelkrobbe ûntdiek yn it gebiet eastlik fan de Rocky Mountains. Oarspronklik waard de wittenskiplike namme Chrysomela decemlineata brûkt en letter waard de soarte yn it net mear erkende skaai Doryphora pleatst.http://www.europe-aliens.org/pdf/Leptinotarsa_decemlineata.pdf Dizze namme is ioflaat fan it Grykske δορυφόρος, dat speardrager betsjut.

De wittenskiplike skaainamme Leptinotarsa is ôflaat fan de Latynske wurden leptino ‘lytse’ en tarsus ‘klauwen’. De soartoantsjutting decemlineata komt ek út it Latynsk en betsjut ‘tsienstrekich’ (decem lineatus). Dy lêste namme slacht op de tsien donkere lingtestreken op de dekskylden fan de krobbe.

De Fryske namme ‘ierdappelkrobbe’ referearret oan de plant dêr’t de krobbe him omraak troch ferspriede koe. De Nederlânske namme ‘coloradokever’ slacht op de Amerikaanske steat Kolorado. Se tochten lange tiid dat de krobbe dêr oarspronklik weikaam, mar yn werklikheid kaam de soarte súdliker foar.url = http://entnemdept.ufl.edu/creatures/veg/leaf/potato_beetles.htm| De namme ‘coloradokever’ wie lykwols ynboargere en wurdt ek yn it Ingelsk brûkt. Oare Ingelstalige nammen binne 'ten striped spearman', 'Colorado potato beetle' en 'potato bug’. Dy lêste namme is wat betiizjend, want mei ‘bugs’ wurde meast wantsen oantsjut en dit is in oare groep fan ynsekten. Yn it Frânsk en it Spaansk wurdt de namme 'doríphore / dorífora’ faak brûkt, in ferwizing nei de ferâldere skaainmme Doryphora. Yn it Spaansk en Dútsk wurdt de soarte ek wol lykas yn it Frysk ‘ierdappelkrobbe’ neamd; respektivelik 'escarabajo de la patata' en ‘kartoffelkäfer'.

De ierdappelkrobbe heart by de famylje blêdhoantsjes of Chrysomelidae, dat is in tige grutte groep fan blêditende krobben dy’t fertsjintwurdige wurdt troch sawat 37.000 soarten. It skaai 'Leptinotarsa hat tolve ferskillende soarten, wêrfan’t de ierdappelkrobbe fierwei de bekendste is.http://www.itis.gov/servlet/SingleRpt/SingleRpt?search_topic=TSN&search_value=719649

Fersprieding en habitat

De krobbe kaam oarspronklik foar yn parten fan Nij Meksiko Feriene Steaten yn it noarden oant rûchwei Koahuila (Meksiko) yn it suden. Dit ferspriedingsgebiet behapte de eastlike gebieten fan de Rocky Mountains, dêr’t de krobbe sawat allinnich libbe op syn waardplant, de stikelhûnebei (Solanum rostratum). De ierdappelplant komt fan oarsprong foar by de westkust fan noardlik Súd-Amearika lâns, mar heart ta itselde skaai en is der bot oan besibbe.

Lange tiid kaam de ierdappel net foar yn de streken dêr’t de krobbe libbe, oant de minske op grutte skaal ierdappels begûn te ferbouwen yn Noard-Amearika. De ierdappellannen waarden earst yn it easten fan de Feriene Steaten beplante,en letter waarden mear nei it westen hieltyd mear ierdappels ferboud. Om 1850 hinne begûn it ierdappellân it natuerlike ferspriedingsgebiet fan de ierdappelkrobbe te oerlaapjen. De ierdappel bliek geskikt as foer foar de krobbe, wêrtroch’t dy him ferspriede koe.Kleine Winkler Prins, Dieren encyclopedie deel 2: COE - GIB, s. 321 - 322, 1980, Winkler Prins, ISBN = 90 10 02845 3 De krobben ferspraten har net allinnich troch fan plant nei plant te fleanen mar waarden ek massaal troch de wyn meinommen.

De ierdappelkrobbe fersprate him earst binnen de Feriene Steaten fan west nei east. Yn 1859 waard de krobbe foar it earst op ierdappelplanten ûntdutsen yn de westlike steat Nebraska. Letter waard de soart ek oantroffen yn South Dakota. Yn 1872 berikten de krobben de steat New York en yn 1876 waard de Amerikaanske eastkust berikt. De krobben hiene har ûnderwilens oer in ôfstân fan 2500 kilometer ferpleatst fan west nei east. Dêrnjonken wie it ferspriedingsgebiet seishûndert kilometer nei it noarden ferskood.

It hjoeddeisk ferspriedingsgebiet is ûnbidich en beslacht sa’n acht miljoen kante kilometer yn Noard-Amearika en seis miljoen yn Jeropa, Azië en Noard-Afrika. Koartlyn is de soarte oantroffen yn Sina en Iran Biologen fermoedzje dat de krobbe him yn de takomst fierder ferspriede sil yn parten fan Azië dêr’t de soart no noch net foarkomt, lykas Korea en Japan. Ek sil de krobbe him mooglik yn de waarmere gebieten yn it súdlik healrûn manifestearje.https://animaldiversity.org/accounts/Leptinotarsa_decemlineata/ Leptinotarsa decemlineata, Brandon Bodnariuk en Brian Scholtens - Animal Diversity Web

Yn Kanada is de krobbe oantroffen yn de steaten Alberta, Britsk-Kolumbia, Manitoba, New Brunswick, Nova Scotia, Ontario, Prins Edwardeilân, Quebec en Saskatchewan. De krobbe komt yn de Feriene Steaten foar yn de folgjende steaten: Alabama, Arizona, Arkansas, Kolorado, Konettikut, Delaware, Florida, Georgia, Idaho, Illinois, Indiana, Iowa, Kansas, Kentucky, Louisiana, Maine, Maryland, Massachusetts, Michigan, Minnesota, Mississippi, Missouri, Montana, Nebraska, New Hampshire, New Jersey, New Mexico, New york, North Carolina, North Dakota, Ohio, Oklahoma, Oregon, Pennsylvania, Rhode Island, South Carolina, South Dakota, Tennessee, Texas, Utah, Virginia, Washington, West Virginia, Wisconsin en Wyoming.http://www.cabi.org/isc/datasheet/30380 Leptinotarsa decemlineata (Colorado potato beetle), Invasive Species Compendium

Yn Azië en it Arabysk Skiereilân is de soart waarnommen yn de lannen Armeenje, Azerbeidzjan, Sina, Georgje, Irak, Iran, Kazachstan, Kirgyzje, Oezbekistan, Tadzjikistan, Turkije en Turkmenistan.Yn Midden-Amearika komt de soart foar yn Kuba en Gûatemala. Foarhinne is de krobbe ek yn Kosta Rika waarnommen mar dêr is er op ’t heden ferdwûn. Yn Afrika is in waarnimming trochjûn út Libië mar dat giet foar ’t neist om in fersin.

Yn Jeropa komt de krobbe foar yn Albanië, Andorra, Belarus, België, Bosnië en Herzegovina, Bulgarije, Dútslân, Estlân, Finlân, Frankryk, Grikelân, Hongarije, Itaalje, Kroatië, Letlân, Litouwen, Lúksemboarch, Masedoanje, Moldavië, Nederlân, Oekraïne, Eastenryk, Poalen, Portugal, Roemeenje, Ruslân, Servië, Slowakije, Sloveenje, Spanje, Tsjechië, en Switserlân. De krobbe hie him eartiids ek ferspraat yn de lannen Denemarken, Grut-Brittanje (Ingelân, de Kanaaleilannen en Wales) en as lêste yn Sweden, mar is hjir rûnom útrûge.

Yn 1877 waard de krobbe foar it earst út de Amerikaanske steat Kolorado wei nei Jeropa brocht. Begjinnende broeiplakken yn Ingelân en Dútslân yn de omjouwing fan havens waarden hieltyd útrûge. Om 1900 hinne waarden de krobben by fersin mei sekken ierdappels ynfierd yn Dútslân.Laurence Mound en Steve Brooks, 1001 feiten over insecten, s. 140, 1995, Sesam Junior, ISBN = 90 261 3182 8

Oant 1920 slagge it knap om de krobben te isolearjen en út te rûgjen mar yn 1922 kaam de ierdappelkobbe yn de omjouwing fan Bordeaux in soad foar. Dêrútwei fersprate de soart him oer hiel Jeropa. De krobbe teach hieltyd fierder nei it easten en berikte Ruslân om 1940 hinne. De earste ynfaazjes koene noch ferneatige wurde mar lang om let festige de krobbe him permanint. Dat soarge doe foar in grutte politike opskuor: de Russen holden út dat de krobben troch de West-Dútsers yn opdracht fan de Amerikaanske CIA út fleantugen dropt wiene boppe Russysk grûngebiet. De Amerikanen ûntkenden en lieten de West-Dútsers by wize fan grap brievekaarten mei in ôfbylding fan de krobbe boppe East-Dútslân útstruie. Dêr wie de propagandatekst F fan Freiheit op set.http://www.dhm.de/archiv/ausstellungen/kalter_krieg/brosch_04.htm| Politische Broschüren im Kalten Krieg 1967 bis 1963, Klaus Körner

België en Nederlân Yn 1935 waard de krobbe foar it earst yn België sjoen en waard besocht de krobben te sammeljen troch it ynsetten fan skoalbern en soldaten en se te ferneatigjen. Yn 1938 kaam yn België slimme skea foar.

Yn Nederlân blykt de krobbe oan de noardlike râne fan har klimatologysk útmakke ferspriedingsgebiet te sitten en jout allinnich yn beskate waarme jierren skea. Yn 1937 waard de krobbe foar it earst yn Nederlân yn Limboarch en Brabân fûn. Yn 1938 waarden súdlik fan de Maas 161 gemeenten mei 607 fynplakken bekend. Der is noch besocht de krobbe yn Nederlân út te rûgjen troch de krobben mei man en macht te sammeljen en te fergiftigjen, mar dat is net slagge. Foarhinne gou by it oantreffen fan in ierdappelkrobbe meldingsplicht by de Plantesyktekundige Tsjinst fan doe.

Yn Nederlân spiele se bytiden yn grutte hoemannichten oan op it strân. Åke sandhall en Carl H. Lindroth, Kevers, s. 26, 28, 29, 80, 1979, Elmar, ISBN = 906120 1543 Oant healwei de foarige iuw waarden de oanspielde krobben troch soldaten fan de Nederlânske kriichsmacht mei flammesmiters ferbaarnd op it strân.

Habitat Opmerklik is dat de ierdappelkrobbe yn tsjinstelling ta de measte ynsekten net bûn is oan in beskaat habitat. Ek it klimaat fan in gebiet spilet amper in rol foar de krobbe. Likegoed yn woastyneftige gebieten yn súdlik Noard-Amearika as yn koele kontreien yn Kanada kin de soart oantroffen wurde. Iennichst betingst dêr’t in gebiet oan foldwaan moat om him te festigjen is de oanwêzigens fan de ierdappelplant.

Yn West-Jeropeeske lannen lykas België en Nederlân komme de krobben mar in bytsje foar op ierdappellân om’t ynsektisiden brûkt wurde. De ierdappelkrobbe libbet hjir benammen op fertutearzge grientetunen en braaklizzend lân dêr’t ierdappels groeie. Se libje dêr faak op allinnichsteande planten.

Uterlike skaaimerken

De ierdappelkrobbe krijt in lichemslingte fan 8,8 oant 11,3 mm en in breedte fan sawat 7 mm. It lichem hat fan boppe-ôf besjoen in ovale omtrek en is opfallend bolrûn en dik, wat typysk is foar de measte blêdhoantsjes. De lichemskleur is giel oant gielbrún of -oranje.

De kop is oranjegiel fan kleur en leit ferskûle ûnder it kopskyld, dat as beskerming tsjinnet. De eagen fan de krobbe binne swart fan kleur en langwerpich fan foarm. De antennes en teisters binne segmintearre. De antennes binne koarter as it lichem. De útein fan de maksilêre teister is silindrysk fan foarm en koarter as it foarôfgeande segmint.