Skearnebuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn de himrik fan Ferwâlde. Skearnebuorren leit benoardwesten Warkum, westlik fan de Warkumermarpolder. Oan de westkant lizze buorskip Doanjebuorren en de Iselmar. It leit súdlik fan Ferwâlde. De Yskeburrefeart rint eastlik fan 'e buorskip del.
Skiednis De namme komt ek foar as Olpherder buyren, Scharne buiren en Schenneburen. In skerne is tsjintwurdich in dongbulte, eartiids wie it ek in eigennamme. De âlde namme soe in gearlûking wêze kinne fan Old-Ferwolderburen.
Kategory:Ferwâlde Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân