Wonnebuorren is in buorskip yn de gemeente Súdwest Fryslân, yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Wonnebuorren leit benoarden Ferwâlde yn de polder Gaast-Ferwâlde oan 'e Wonnebuorsterwei. De buorskip bestiet út in twatal pleatsen op in terp.

Skiednis De namme komt ek foar as Wonneburen, Wonne Buiren en Wonnebuyren. Wonne is in persoansnamme.

Sjoch ek Fryske doarpen, buorskippen en delsettings

Kategory:Ferwâlde Kategory:Buorskip yn Wûnseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân