Abbegeasterketting , ek wol stavere as Abbegeaster Ketting, is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Abbegeasterketting leit benoardwesten Abbegea oan de Boalserter Feart. Oant 2011 lei Abbegeasterketting yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Earder stie by Abbegea en by Wolsum, twa doarpen yn de omkriten fan Boalsert, in "kettinghûs". Dêr wie in keatling oer de feart spand om tol fan de skippers ynfoarderje te kinnen. De útbuorrentsjes dêr hawwe no noch de nammen Abbegeasterketting en Wolsumerketting.

Hjoed-de-dei bestiet de buorskip út 15 hûzen en likernôch 40 ynwenners.https://www.plaatsengids.nl/abbegaasterketting

Kategory:Abbegea Kategory:Buorskip yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Buorskip yn Wymbritseradiel Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân