In roadmovie is de algemiene namme foar in sjenre fan films dêr’t de haadpersoanen in reis yn meitsje. Dy reis stiet de hiele film troch sintraal. Faak ûndergeane de haadpersonaazjes ek in mintale reis.
It sjenre hat syn woartels yn âlde ferhalen oer epyske reizen en tochten lykas de Odyssee.
Skaaimerken Begjin De film begjint faak mei in situaasje dy’t de protagonisten der ta oansette harren reis te meitsjen. Dat kin wêze dat se op ‘e syk wol nei de frijheid. It paad en de reis binne dan in metafoar foar dy frijheid. Oare redenen kinne wêze dat de protagonist op syk moat nei eat of immen dy’t fier fuort is, of op de flecht is en in nij thús siket.
De reden fan de reis hoecht net altyd daliks al oan it begjin fan de film oan ’t ljocht te kommen. Der binne ek films dêr’t de protagonisten by it begjin al mei harren reis begûn binne en jo letter (fia ferhalen dy’t ferteld wurde of fia in flashback) it motyf fan de reis te sjen krije.
Ferrin In fêst tema fan roadmovies is dat de reis de protagonisten feroaret. Sa kinne se fysyk of mintaal groeie, wize libbenslessen opdwaan, of harren âlde flaters begjinne yn te sjen.
Roadmovies binne faak ek opdield yn meardere episoades, dêr’t de protagonisten hieltyd in oare tûkelteam yn tsjinkomme dy’t oerwûn wurde moat as se fierder wolle mei harren reis.
De ein De roadmovies einigje meast op ien fan de folgjende fiif wizen: De protagonisten fin oan de ein fan harren bestimming in nij thús en bliuwe der. De protagonisten komme triomfantlik oan op harren bestimming en geane wizer werom op hûs oan. De reis giet troch, de lêste sêne is meastal de protagonisten dy’t it paad ôflizze. De protagonisten realisearje har dat se nea wer nei hûs kinne en meitsje har sels fan kant of wurde fermoarde. De film hâldt mei in iepen ein op, dêr’t neat yn dúdlik makke wurdt oer wat de protagonisten no fierder beslute te dwaan.
List fan roadmovies
It Happened One Night The Grapes of Wrath Detour The Long, Long Trailer Wild Strawberries Il sorpasso It's a Mad, Mad, Mad, Mad World La Grande Vadrouille Easy Rider Duel Vanishing Point Two-Lane Blacktop Badlands Scarecrow Der Ostfriesen Report (1973) Alice in den Städten Cocorico Monsieur Poulet Falsche Bewegung Im Lauf der Zeit Les Rendez-vous d'Anna Honkytonk Man National Lampoon's Vacation Paris, Texas The Hitcher Planes, Trains & Automobiles Rain Man Wild at Heart Thelma & Louise My Own Private Idaho Dutch A Perfect World The Adventures of Priscilla, Queen of the Desert Natural Born Killers Dead Man Overnight Delivery Fear and Loathing in Las Vegas' Bye Bye Blue Bird The Straight Story Road Trip Y tu mamá también Rat Race (film) Road to Perdition Vozvrasjtsjenie Harold & Kumar Go to White Castle Diarios de motocicleta Transamerica Elizabethtown TranSylvania Children of Men Little Miss Sunshine Wild Hogs Into the Wild The Darjeeling Limited Zombieland Due Date On the Road Rabat Kampioen zijn blijft plezant!
Kategory:Filmsjenre Kategory:Lienwurd út it Ingelsk