In stomme, swijende of stille film is in film dêr’t allinnich it byldsynjaal yn foarkomt. Earst yn 1927 waard it mei de yntroduksje fan de lûdsfilm mooglik om lûd en byld syngroan ôf te spyljen.

Om it missen fan lûd op te heinen, kamen yn in stomme film teksten foar dy’t de situaasje op it skerm ferdúdliken of de dialooch werjûne. Ek ûndertiteling wie noch net mooglik, dus de filmbylden waarden ôfwiksele mei skermfoljende buordsjes dêr’t de tekst op stie; de tuskentitels.

Soms waard in eksplikateur brûkt, immen dy’t sei wat sein waard en dy’t begeliedende lûden makke. Sa’n eksplikateur wie in artyst op himsels. As yn de film bygelyks immen in moter oanslingere, dan draaide de eksplikateur mei in rattel. Foel der wat, dan sloech de eksplikateur in klappende stôk op ‘e tafel, de slapstick, dy’t syn namme oan dit sjenre film joech. In goede eksplikateur wist sekuer hoe’t de film gie, sadat er op ‘e tiid de helpmiddels foarhannen hie om lûden mei te meitsjen. Fierder waard de film faak mei muzyk begelaat troch in (lyts) orkest dat yn in orkestbak siet, sa leech dat it publyk har net seach, mar se sels it skerm noch wol sjen koene of gewoan njonken it skerm. Fan in hielendal stomme film hat dêrom winlik nea echt sprake west.

In soad grutheden fan de stomme film seagen nei de yntroduksje fan de lûdsfilm in ein oan harren filmkarriêre kommen; de aktearstyl fan de stomme film wie foar in grut part net geskikt foar in lûdsfilm. Akteurs mei in lange karriêre yn de stomme film hiene faak muoite mei de omskeakeling. Se bleaune tefolle oan it âlde hingjen, in troch lichemstaal en gesichtsútdrukkings útmakke aktearstyl. Yn oare gefallen kompinsearren se krekt tefolle, wat in ‘stiif’ resultaat opsmiet, of se hiene muoite mei de timing wêrtroch petearen net floeiend ferrûnen.

Lûdsfilms blieken minder maklik te ferkeapjen oan oare lannen troch de taalbarriêre. By de stomme films wie it mar in kwestje fan it ferfangen fan de tuskentitels, by de lûdsfilm wie dat problematysker. Inkeld keazen se derfoar om in film tagelyk yn twa of mear talen op te nimmen, bygelyks Der blaue Engel (1930) dy’t yn it Dútsk en it Ingelsk opnommen waard."Der Blaue Engel (1930)", Films de France (2005)

Inkelde grutheden fan de stomme film Charlie Chaplin Buster Keaton Stan Laurel en Oliver Hardy Harold Lloyd Ben Turpin Harry Langdon Roscoe 'Fatty' Arbuckle Lillian Gish Asta Nielsen Mary Pickford Douglas Fairbanks Buster Brown The Keystone Cops W.C. Fields

Yn Nederlân (of ôfkomstich út Nederlân): Truus van Aalten Annie Bos Lola Cornero Lien Deyers Jetta Goudal Adelqui Migliar Adele Sandrock

Inkelde stomme films mei regisseur en jier: La sortie des usines Lumière, Bruorren Lumière, 1895 Quo Vadis, Ferdinand Zecca, 1902 Le voyage dans la lune, Georges Méliès, 1902 The Great Train Robbery, Edwin S. Porter, 1903 La presa di Roma, Filoteo Alberini, 1905 Ben Hur, Sidney Olcott, 1907 Quo vadis, Enrico Guazzoni (Italië), 1912 From the Manger to the Cross, Sidney Olcott, 1912 Cabiria, Giovanne Pastrone, 1914 The Perils of Pauline, Louis J. Gasnier & Donald MacKenzie 1914 The Birth of a Nation, D. W. Griffith, 1915 Intolerance, D.W. Griffith, 1916 Cleopatra, J. Gordon Edwards, 1917 Rebecca of Sunnybrook Farm, Marshall Neilan, 1917 Das Cabinet des Dr. Caligari, Robert Weine, 1920 Der Golem, Paul Wegener, 1920 Nosferatu, Friedrich Wilhelm Murnau, 1922 Safety Last!, Harold Lloyd, 1923 The Thief of Bagdad, Douglas Fairbanks, 1924 Sherlock Jr., Buster Keaton, 1924 Greed, Erich von Stroheim, 1924 Pantserkruiser Potemkin, Sergej Eisenstein, 1925 The Gold Rush, Charlie Chaplin, 1925 The Phantom of the Opera, Lon Chaney, 1925 The Big Parade, King Vidor, 1925 Faust, Friedrich Wilhelm Murnau, 1926 Sparrows, Mary Pickford, 1926 The Lodger: A Story of the London Fog, Alfred Hitchcock, 1927 The General, Buster Keaton, 1927 Sunrise, Friedrich Wilhelm Murnau, 1927 Metropolis, Fritz Lang, 1927 La Passion de Jeanne d'Arc, Carl Theodor Dreyer, 1928 Die Büchse der Pandora, Georg Wilhelm Pabst, 1929 De man met de camera, Dziga Vertov 1929 De aarde, Oleksandr Dovzjenko 1930 The Artist, Michel Hazanavicius 2011

Kategory:Film nei foarm Kategory:Filmterm