It Earehof De Pein leit op it âlde tsjerkhôf yn de fan 'e Peinder buorskip Nijtap yn de gemeente Smellingerlân. Neist de stiennen fan de troch Commonwealth War Graves Commission behearde grêven, steane fjouwer monuminten fan de Fryske útfiering fan in Nederlânsk oarlochsgrêf.
De delhelle bommesmiter Op 27 july 1942 fleach in Lancaster-bommesmiter, de R 5748 fan it 106e Squadron, op de weromreis fan in flecht nei Hamburch boppe Fryslân. It tastel waard oanfallen troch in Dútske nachtjager fan it Ljouwerter fleanfjild en stoarte tichteby De Rottefalle del, mar noch wol op de himrik fan De Pein. Fjouwer bemanningsleden ferlearen dêr it libben. Trije bemanningsleden waarden beïerdige op it Earehôf De Pein, wylst ien bemanningslid, Willam A.J. Fuller, oant de dei fan hjoed fermist wurdt. Ta syn oantins waard yn 1992 it William A.J. Fuller Memorial by de kristlike basisskoalle op De Rottefalle set.
De grêven fan de trije bemanningsleden op 'e Pein binne fan:
Namme Funksje Underdiel Sq Stoarn Aldens Joseph Johnn Cooper Boardwurktúchkundige Royal Air Force 106e Sq 27-07-1942 21 Maurice John Dembrey Radio-operator/boardskutter Royal Air Force Volunteer Reserve 106e Sq 27-07-1942 26 Francis Harold Robertson Piloat Royal Air Force 106e Sq 27-07-1942 27
Klokkestoel Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.
Kategory:De Pein Kategory:De Rottefalle Pein, De Kategory:Monumint yn Smellingerlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1942