De Skeakel (offisjeel: De Schakel) is it tsjerklike sintrum fan de protestantske wykgemeente Kammingabuorren oan de Havingastate yn Ljouwert. Tegearre mei de Grutte Tsjerke en De Fontein foarmet De Skeakel de "Protestanske Gemeente fan Ljouwert".

Skiednis

De tsjerke waard yn 1993 boud.De Skeakel op Reliwiki Foar de bou fan De Skeakel waard de grifformearde Salvatortsjerke opjûn. Fan ôf it begjin hat De Skeakel in tsjerke west, dêr't herfoarmen en grifformearden fan it noardeastlike gebiet fan Ljouwert tsjerkje.

Yn de tsjerke binne inkelde moderne keunstwurken te sjen. In piipoargel ûntbrekt yn de tsjerke, yn stee dêrfan is der in elektroanysk oargel en in konsertfleugel oanwêzich.https://www.kerkincamminghaburen.nl/default.aspx?lIntNavId=4606http://reliwiki.nl/index.php/Leeuwarden,_Havingastate_7_-_De_Schakel.

Keppeling om utens Side Protestanske Tsjerke yn Ljouwert

Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert Kategory:Bouwurk út 1993