Blackburn Iris 275px Rol Ferkenner, fleanboat Makker Blackburn Aircraft Untwerper John Douglas Rennie Earste flecht 18 juny 1926 Yn tsjinst 1929 Ut tsjinst 1934 Tal makke 5 Brûkers Royal Airforce Farianten De Blackburn Iris wie de earste fan Blackburn boude fleanboaten. R.B. stie foar Reconnaissance Boat ('Ferkenningsfleanboat') en wie ornearre foar lange-ôfstânsflechten. De earste ferzje waard noch fan hout makke. De dûbeldekker hie rôlroeren oan alle fjouwer draachflakken en waard troch trije Condor III-motors oandreaun. De ûntwikkeling en bou fan it tastel, dy't it Marine-searjenûmer N185 krige, naam sa'n twa jier yn beslach. Nei de earste flecht op 19 juny 1926, waard it prototype foar testen nei it Marine Aircraft Experimental Establishment yn Felixstowe oerbrocht.

Yn it folgjend jier waard de romp hieledal fan metaal en krige it tastel bettere motors. Yn de jierren dat de Iris by de RAF tsjinne waarden ferbetteringen en modifikaasjes oanbrocht. By de ferzje Iris IV bygelyks dreaun de middelste motor in triuwpropeller oan.

Der waaren mar fiif eksemplaren fan dizze fleanboat makken en tsjin 1934 waard de lêste ôfskaft. De opfolger fan de Iris wie de Blackburn R.B. 3A Perth.

Technyske gegevens Gegevens R.B.1B Iris III Langte 20,54 m Spanwiidte 29,57 m Draachflak fleugels 207,7 m² Hichte 7,77 m Oandriuwing trije Rolls-Royce Condor-IIIB-12V-motors fan 684 hk it stik Heechste faasje 190 km/o op seenivo Fleanberik 1.287 km Bemanning 5 Tsjinstplafond 3.230 m Gewicht leech 8.640 kg Startgewicht 13.376 kg Bewapening Trije 7,7-mm-Lewismasinegewearen, oant 907 kg bommen

Literatuer : British Flying Boats, Sutton Publishing, 2003, ISBN 0-7509-2695-3, s. 99 en folgjenden

Kategory:Fleanboat Kategory:Britske ferkenningsfleanmasine Kategory:Britske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1926