De Nij-Apostoalyske Tsjerke is de tsjerke fan 'e Nij-Apostoalyske gemeente yn Ljouwert. It tsjerkegebou is in gemeentlik monumint.

Skiednis It hjoeddeiske gebou fan 'e Nij-Apostoalyske gemeente waard yn 1933 yn gebrûk nommen.http://reliwiki.nl/index.php/Leeuwarden,_Emmakade_1_bis_-_Nieuw_Apostolische_Kerk. Foar dy tiid hie de Ljouwerter gemeente in tsjerke oan 'e 6e Vegelingsdwersstrjitte. Dy tsjerke datearre út 1908 en waard yn 2003 ôfbrutsen.http://reliwiki.nl/index.php/Leeuwarden,_6e_Vegelindwarsstraat_2_-_Apostolische_kerk

Yn jannewaris 2024 waard bekend dat de Nij-Apostoalyske gemeente in nije tsjerke bouwe lit yn it suden fan Ljouwert oan 'e Himpenserdyk. It gebou oan 'e Emmakade wie foar in soad tsjerkefolk fan 'e gemeente min te berikken. De âlde tsjerke is ferkocht oan in projektûntwikkelder en kriget in nije bestimming.Ljouwert Krante: Nieuw-Apostolische Kerk krijgt lang gekoesterde wens: er komt een nieuw kerkgebouw aan de zuidkant van Leeuwarden, 20 jannewaris 2024.

Keppeling om utens Ynformaasje oargel

Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert Kategory:Gemeentlik monumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1933 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân