Johann Georg van Caspel (Ootmarsum, 2 maaie 1870 - Utert, 6 febrewaris 1928) wie in Nederlânsk keunstner en arsjitekt.

Wurkpaad Van Caspel die yn 1889 talittingseksamen oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Dêrnei kaam er op it atelier fan syn learmaster Maurits van der Valk (1857-1935). Nei in stikmannich jierren figuer- en portretskilder west te hawwen, kaam er yn kontakt mei drukkerij Amand yn Amsterdam. Yn de neikommende jierren soe er in tal affysjes maken foar dy firma. Ek wie er boekbânûntwerper en ûntwurp er kalinders en reklamefolders.

Yn 1903 festige Van Caspel him yn Laren en frege dêr tastimming foar it bouwen fan in troch himsels ûntwurpen bûtenpleats. It wie it begjin fan it ûntwerpen en bouwe litten fan tritich bûtenpleatsen en filla's in it Goai. Syn boustyl wie ynspirearre troch de ferneamde arsjitekt Karel de Bazel.

Van Caspel yllustrearre in tal printeboeken, û.o. yn 1898 De schoone slaapster in het bosch. Een sprookje van Moeder de GansDigitale ferzje te sjen op Het Geheugen van Nederland nei Charles Perrault, in grut formaat printeboek mei fraaie Jugendstil-eleminten. Om 1924 yllustrearre er de rige Sprookjes uit verre landen op lyts oblongformaat. Hy ûnderteke syn wurk mei Van Caspel of de inisjalen VC yn in sirkel.

Foarbylden fan syn grafysk wurk

Literatuer : Dutch graphic design, 1918–1945. Amsterdam, Van Nostrand Reinhold, 1992, s. 14, ISBN 0442004443 : Les Maîtres de l'affiche 1900. Bibliothèque de l'Image, 2001 ISBN 9782909808666 & : Johann Georg van Caspel Affichekunstenaar (1870–1928). Stedsútjouwerij Amsterdam, 1990, ISBN 9789062740482

Sjoch ek List fan Nederlânske arsjitekten

Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Nederlânsk yllustrator Kategory:Nederlânsk boekbânûntwerper Kategory:Nederlânsk grafysk ûntwerper Kategory:Persoan berne yn 1870 Kategory:Persoan stoarn yn 1928