Evangelie gemeente De Deur is in evangelyske gemeente oan 'e Swemmerstrjitte yn Ljouwert. It is ien fan 'e mear as sechtich gemeenten fan it tsjerkegenoatskip yn Nederlân, dat yn Ljouwert út Swol wei stifte waard.

Evangelyske gemeente De Deur hat woartels yn 'e Jezusbeweging fan 'e jierren 1960 en is sûnt 1989 aktyf yn Ljouwert.Hiemside gemeente. Sûnt it jier 2000 hierde De Deur de eardere grifformearde Skrânstsjerke, nei't De Deur earder it ûnderkommen oan 'e Foarstreek fanwegen de brânfeiligens ferlitte moast.Frysk Deiblêd Tsjintwurdich komme de leden yn in gebou oan 'e Swemmerstrjitte byinoar.

De gemeente kocht yn 'e maityd fan 2016 in oangrinzgjend pân oan fan in earder bedriuw. Mei help fan frijwilligers waard de tsjerkeseal fergrutte, der kaam in poadium mei in konsertfasiliteit foar eveneminten en der waarden nije romten foar de opfang fan bern en Bibelstúdzjes ynrjochte.Omrop Fryslân, It giet "De Deur" foar de wyn, 14 maaie 2016.

Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert Kategory:Bouwurk út de 20e iuw Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân