Buffalo Airways is in loftfeartmaatskippij mei syn haadkantoar yn Hay River yn de provinsje Northwest Territories fan Kanada dy't yn 1970 oprjochte waard troch Joe McBryan, mei de bynamme "Buffalo Joe". Buffalo Airways is in sjarter- en lineflechtmaatskippij. Sy ferfiere sawol passazjiers as fracht yn de regio's Northwest Territories, Alberta en Yukon. Teffens fiere se blusaksjes by boskbrânen út en hawwe se tastellen foar it ferfier fan floeibere brânstoffen („Bulk Fuel“). De thúsbasis fan de float is it fleanfjild fan Yellowknife.

Float Febrewaris 2015 bestie de float fan Buffalo Airways út 56 fleanmasinesCanadian Civil Aircraft Register (), 28 febrewaris 2015. In grut part fan de float bestiet út klassike fracht- en passazjiersfleantugen mei sûgermotors fan sa'n 70 jier âld.

Fleantúchtype Aktyf Besteld Opmerking Beechcraft 55 Baron 1 Beechcraft 65 Queen Air 2 Beechcraft 95 Travel Air 4 Beechcraft 100 King Air 1 Canadair CL-215-1A10 8 Blusfleantúch Cessna 185E Skywagon 1 Cessna 310Q 1 Consolidated Vultee PBY 1 Blusfleantúch Curtiss C-46 Commando 3 Douglas C-54 12 Douglas DC-3 12 2 dêrfan binne C-47 Lockheed L-188 Electra 6 Noorduyn Norseman Mk. V 1 Aero Commander 690C 2 Meiïoar 56 -

Keppeling om utens Webstee Buffalo Airways (englisch)

Kategory:Kanadeeske loftfeartmaatskippij Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1970