De Anna Bijns Priis waard troch de Anna Bijns Stichting ynsteld foar de bekroaning fan in Nederlânsktalige skriuwster. Anna Bijns, Antwerpen 1493 - 1575, wie in refreindichteresse en 'skoalmasteres' út Antwerpen.
De priis waard fan 1985 ôf twajierliks ôfwikseljend takend oan proaza en poëzy. It wie oarsronklik in oeuvrepriis. It oeuvre moast sawol yn styl, foarm, oanpak as tematyk útering jaan oan de realiteit en de ferbyldingswrâld fan froulju. Mei yngong fan 2005 is it in titelpriis wurden mei as haaddoel omtinken foar Nederlânske literatuer fan froulju.
De priis bestie út 10.000 euro, in keunstwurk fan Eric Don en in troch de winnares mei yn te foljen Anna Bijns Lêzing. Per 2016 hat de Anna Bijns Stichting de priis opheft om mear fokus lizze te kinnen op publykseveneminten.Opheffing Anna Bijns Prijs
Laureaten 1985: Josepha Mendels - proaza 1987: Ellen Warmond - poëzy 1989: Inez van Dullemen - proaza 1991: Christine D'haen - poëzy 1993: Elisabeth Keesing - proaza 1995: Hanny Michaelis - poëzy 1997: Aya Zikken - proaza 1999: Hélène Nolthenius - proaza 2001: Marie Kessels - proaza 2003: Helga Ruebsamen - proaza 2005: Anneke Brassinga foar de bondel Timiditeiten - poëzy 2007: Wanda Reisel foar de roman Witte liefde - proaza 2009: Tjitske Jansen foar de bondel Koerikoeloem - poëzy 2012: Minke Douwesz foar de roman Weg - proaza 2014: Maria Barnas doar har bondel Jaja de oerknal - poëzy
Anna Bijns Lêzing 2012 Rachel Cusk 2013 Lionel Shriver
Kategory:Nederlânske literatuerpriis Kategory:Priis of ûnderskieding ynsteld yn 1985