De Fontein is in protestanske tsjerke oan 'e Goudenreinstrjitte yn Ljouwert. Tegearre mei de Grutte Tsjerke yn it sintrum en De Skeakel yn Kammingabuorren foarmet De Fontein de Protestantske Gemeente fan Ljouwert. Ek de Waalske Tsjerke is eigendom fan 'e gemeente. Het Goede Leven Earder stie De Fontein bekend ûnder de namme "Open Hof".

Bou thumb|left|Logo fan De Fontein. De tsjerke waard yn 1968 as sânde tsjerke fan 'e Herfoarme gemeente fan Ljouwert as in rjochthoekige sealtsjerke mei in frijsteande stielen klokketoer boud.Reliwiki

Yn 2013 waard de tsjerke tydlik foar in ferbouwing sletten. Op saterdei 10 maaie iepene de renovearre en fergrutte tsjerke de doarren wer. Yn 'e fernijde tsjerke passe no 350 minsken, en dat tal kin noch útwreide wurde ta maksimaal 500 minsken.

Oargel It oargel yn 'e tsjerke is ôfkomstich út de grifformearde Adelaartsjerke yn 'e wyk Bilgaard, dy't yn maaie 2012 sletten waard en yn juny 2024 ôfbrutsen is. Dat koe nei in rynske jefte fan in gemeentelid troch de firma Van den Berg & Wendt út it Brabânske Deest boud wurde. Op 19 augustus 1976 waard it piipoargel yn gebrûk nommen. Yn 2013 waard it oargel troch it Ljouwerter oargelbedriuw Bakker & Timmenga nei De Fontein oerbrocht.Side skiednis Grifformearde Tsjerken yn Nederlân 1834-2004

Ynearsten soe De Fontein it Flentrop-oargel út de teffens yn 2012 sletten Fenikstsjerke oernimme, mar it die bliken dat de klank en grutte fan dat oargel net sa goed paste yn de nije tsjerke.Frysk Deiblêd, artikel 67429

Ofbylden

Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert Kategory:Bouwurk út 1968 Kategory:Protestantsk tsjerkegebou yn Nederlân