De Egyptyske ichneumon (Latynske namme: Herpestes ichneumon) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e mangoesten (Herpestidae) en it skaai fan 'e gewoane mangoesten (Herpestes), dat foarkomt yn dielen fan Afrika, it Midden-Easten en it Ibearysk Skiereilân. Dit bist spile in wichtige rol yn 'e mytology fan it Alde Egypte.
Fersprieding De Egyptyske ichneumon komt foar yn 'e eastlike helte fan Egypte, fan 'e Nyldelling oant de kust fan 'e Reade See, en teffens yn eastlik Sûdaan, westlik Eritreä en westlik Etioopje. Fierders libbet er yn hiel West-Afrika besuden de Sahara, yn noardlik Kameroen, súdlik Tsjaad en frijwol de hiele Sintraal-Afrikaanske Republyk en Súd-Sûdaan. Ek komt er foar yn it gebiet fan 'e Grutte Marren fan Afrika, it grutste part fan Angoala, de ûnderrin fan 'e rivier de Kongo en by de kust fan 'e Yndyske Oseaan lâns fan súdlik Somaalje oant en mei Kaap de Goede Hoop.
Dêrnjonken is de Egyptyske ichneumon ek lânseigen yn it noardlike diel fan 'e Libyske lânstreek Syrenaika, op it Sinaï-skiereilân en by de eastkust fan 'e Middellânske See lâns yn Israel, Palestina, Libanon en Syrje. Yn Turkije, ta einbeslút, is er lânseigen yn it súdlike sintrale diel fan Lyts-Aazje, en dêrwei oant djip yn Turksk-Koerdistan. As eksoat hat dit bist him ferspraat nei it Ibearysk Skiereilân, dêr't er yn 'e Moarske Tiid, tusken 711 en 1492, yntrodusearre wêze soe om rotten te bestriden. De ichneumon komt dêr no rûnom yn it wyld foar yn súdwestlik Spanje en yn it súdlike twatrêdepart fan Portegal. Fierders is er ek, sij it op folle beheindere skaal, troch de minske yntrodusearre yn Itaalje en op Madagaskar.
Uterlike skaaimerken De Egyptyske ichneumon hat trochinoar in kop-romplingte fan 48-60 sm, mei in sturtlingte fan 33-54 sm en in gewicht fan 1,7-4 kg. Dit bist hat in rank bealchje mei in smel, spjochtich snútsje en lytse earen. De bek sit fol mei 35-40 flymskerpe tosken, dy't bedoeld binne om fleis mei te snijen. De lange, rûge pels rint yn kleur útinoar fan grizich oant rodzich brún, en hat brune en giele spikkels. De sturt hat in swart útein. De efterpoaten en lytse stikjes om 'e eagen hinne binne ûnbegroeid.
Biotoop Egyptyske ichneumons jouwe de foarkar oan wâlden, savannes of gebiet mei in protte strewelleguod. It binne lykwols fernimstige bisten, dy't har maklik oanpasse kinne. Yn elts gefal komme se nea fier fan oerflaktewetter foar.
Hâlden en dragen De Egyptyske ichneuman is in deidier en libbet yn lytse famyljegroepkes fan 1-7 eksimplaren, dy't yn 'e regel besteane út in mantsje, ferskate wyfkes en harren jongen. Jonge mantsjes ferlitte de groep yn 'e regel ear't se in jier âld binne, mar jonge wyfkes bliuwe faak langer en it komt ek wol foar dat dy har hiele libben by harren bertegroep bliuwe. De peartiid falt yn july of augustus, en nei in draachtiid fan 11 wiken smyt it wyfke dan in nêst fan 2-4 jongen. Dy komme blyn en keal te wrâld. De eachjes geane nei likernôch in wike iepen. Sawol de mantsjes as de wyfkes binne mei twa jier geslachtsryp. Yn it wyld libje Egyptyske ichneumons rûchwei 12 jier, mar yn finzenskip kinne se wol mear as 20 jier wurde.
Fretten Op it menu fan Egyptyske ichneumons stiet benammen fleis, wêrûnder kjifdieren, fisken, fûgels, reptilen, amfibyen en ynsekten, koartsein alles wat se te pakken krije kinne. Fruchten en aaien litte se ek net lizze. Aaien brekke se iepen troch se tsjin in stien of in muorre te smiten. Likemin as oare mangoesten skrikke Egyptyske ichneumons derfoar werom om gifslangen oan te fallen en op te fretten. Se hawwe sadwaande in hege tolerânsje ûntwikkele foar it gif fan trije soarten slangen: de Palestynske njirre (Vipera palaestinae), de swarte woastynkobra (Walterinnesia aegyptia) en de swarthalskobra (Naja nigricollis).
Status en ferhâlding mei de minske De Egyptyske ichneuman hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Sterker noch, dit bist is tige talryk en bedriget dêrtroch earder oare bistesoarten yn har fuortbestean as dat er dêr sels yn bedrige wurde soe. Yn 'e Egyptyske mytology koe de god Ra himsels feroarje yn in reuseftige ichneumon mei in lingte fan mear as 24 m om 'e boasaardige slangegod Apopis te befjochtsjen. De ferearing fan Egyptyske ichneumons is bekend út ferskate stêden út 'e Egyptyske Aldheid, nammentlik Heliopolis, Bûto, Saïs, Atribis, Bûbastis en Herakleopolis Magna. Der binne ek in protte mummys fan ichneumons fûn. Yn guon plattelânsgebieten yn Opper-Egypte wurde ichneumons ek hjoed de dei noch holden as húsdieren.
Undersoarten Der binne alve erkende ûndersoarten fan 'e Egyptyske ichneumon: Herpestes ichneumon ichneumon Herpestes ichneumon angolensis Herpestes ichneumon cafra Herpestes ichneumon centralis Herpestes ichneumon funestus Herpestes ichneumon mababiensis Herpestes ichneumon numidicus Herpestes ichneumon parvidens Herpestes ichneumon sabiensis Herpestes ichneumon sangronizi Herpestes ichneumon widdringtonii
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Gewoane mangoeste Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn Spanje