De siveteftigen (wittenskiplike namme: Viverroidea) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora) en it ûnderskift fan 'e katdieren (Feliformia). Dizze taksonomyske groep falt útinoar yn fjouwer ûnderskate famyljes. Dêrfan steane de sivetkatten (Viverridae) op harsels, wylst de hyena's (Hyaenidae), de Madagaskarsivetkatten (Eupleridae) en de mangoesten (Herpestidae) mei-inoar ferbûn binne yn 'e boppefamylje fan 'e mangoesteftigen (Herpestoidea).
Tuskenskiftopbou
tuskenskift siveteftigen (Viverroidea) famylje sivetkatten (Viverridae): 36 soarten boppefamylje mangoesteftigen (Herpestoidea) famylje hyena's (Hyaenidae): 4 soarten famylje Madagaskarsivetkatten (Eupleridae): 10 soarten famylje mangoesten (Herpestidae): 33 soarten
Kategory:Rôfdier (skift)