James (Jim) Finlayson (Larbert, Skotlân, 27 augustus 1887 - Los Angeles, 9 oktober 1953) wie in Skotsk-Amerikaansk komysk akteur.
Hy wie in soan fan Alexander and Isabella (berne Henderson) Finlayson,Scotland Statutory Registers: Births in the Parish of Larbert in the County of Stirling, 1887 – s. 51, Item #151. Foar't er mei aktearjen út ein sette, yn it teäter, wie er leadjitter.1901 Census of the Household of Alexander FINLAYSON in the Hamlet of North Broomage, Parish of Larbert, Stirlingshire, Scotland; ScotlandsPeople (Census 1901 485/0A 001/00 043) Nei't sy âlden beide weirekke wiene emigrearre er mei syn broer Robert yn 1911 nei de Feriene Steaten; hy wie doe 24 jier. Yn de FSA waard er fral bekend troch syn optredens yn ferskate Laurel & Hardy-films. Hy spile sawol in stomme- as in lûdfilms.
Ien fan syn hannelsmerken wie dat er de wynbrau boppe syn linkereach omheech sjitte litte koe en tagelyk syn rjochtereach ta in spjalt fernauje koe. In oare wie syn útrop dohhhhhhh!, in eufemisme fan 'ferdomme'. Yn de measte films hie er ek in - falske - walrussnor.
Kategory:Skotsk toanielakteur Kategory:Skotsk stomme-filmakteur Kategory:Skotsk filmakteur Kategory:Skotsk komyk Kategory:Amerikaansk toanielakteur Kategory:Amerikaansk stomme-filmakteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk komyk Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1953