thumb|W.D. Haitsma Mulier Willem Dirk Haitsma Mulier (Boalsert, 28 augustus 1852 – Haarlim, 27 jannewaris 1912) wie in Nederlânsk militêr en boargemaster.
Libben en wurk Haitsma Mulier, lid fan de famylje Mulier, wie in soan fan mr. Johannes Haitsma Mulier (1811-1859), abbekaat en boargemaster yn Boalsert, en Maria Louisa Ypeij (1816-1898).Nederland's Patriciaat 77 (1993) Hy boaske oan Wilhelmina Christina barones van Sytzama (1857-1931), lid fan it laach Van Sytzama en in dochter fan Douwe Jan Vincent van Sytzama.
Haitsma Mulier hie oant 1881 in karriêre by de Keninklike Lânmacht (kavalery), dêr't er it ta earste luitenant titúlêr brocht. Yn 1884 waard die beneamd ta boargemaster fan Spaarndam. Hy krige tastimming om yn Haarlim te wenjen. Fan 1896 oant 1904 wie er ek boargemaster fan de oanswettende gemeente Schoten.
Hy stoar yn 1912, 59 jier âld.
Kategory:Frysk ofsier Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk ofsier Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Willem Dirk Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1852 Kategory:Persoan stoarn yn 1912