Bernhardus Jouke Buma (Ljouwert, 8 april 1835 - Aldeboarn, 21 july 1874) wie in Nederlânsks jurist en boargemaster fan Frysk komôf.
Libben en wurk Buma, lid fan de famylje Buma, wie in soan fan mr. Wybe Bernhardus Buma (1807-1848) en Joanna Elisabeth barones van Haersolte (1813-1864).Nederland's Patriciaat, 1993 Hy boaske oan Anna Adriana Sophia Wijckerheld Bisdom (1839-1918).
Hy studearre rjochten oan de Grinzer Hegeskoalle en promovearre dêr yn in 1859. Hy waard beneamd ta boargemaster fan Hemelumer Oldephaert en Noordwolde (1861-1869) en wie dêrnei boargemaster fan Utingeradiel (1869). Om reden fan sykte, frege er maart 1874 dien. In pear moanne letter rekke er wei, mar 39 jier âld, op hûs Nij-Bornia.
Bernhardus Jouke Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Himmelumer Aldefurd Kategory:Boargemaster fan Utingeradiel Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Aldeboarn Kategory:Persoan berne yn 1835 Kategory:Persoan stoarn yn 1874