The Lions of Al-Rassan is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e Kanadeeske skriuwer Guy Gavriel Kay. De titel betsjut: "De Liuwen fan Al-Rassan"; dat ferwiist nei de hearskers fan it fiktive lân Al-Rassan, foar wa't it wizânsje wurden is om harsels 'de Liuw fan Al-Rassan' te neamen. Yn 'e bredere sin kin dy beneaming ek fan tapassing wêze op alle haadrolspilers fan 'e roman. The Lions of Al-Rassan heart ta it subsjenre fan 'e histoaryske fantasy en spilet tsjin 'e eftergrûn fan in fiktyf lân dat dúdlik op it Midsiuwske Spanje fan 'e Reconquista basearre is. It boek waard yn 1995 publisearre troch de útjouwerij HarperCollins. Yn 2005 wûn de The Lions of Al-Rassan de Geffen Award foar de bêste oersetting nei it Hebriuwsk.

Eftergrûn Kay lit syn The Lions of Al-Rassan spylje yn deselde wrâld dêr't ek ferskaten fan syn oare wurken spylje, lykas de duology The Sarantine Mosaic en de romans The Last Light of the Sun, Under Heaven, River of Stars en Children of Earth and Sky. Hoewol't The Lions of Al-Rassan folslein op himsels stiet, suggerearret Kay dat ien fan 'e haadpersoanen, Rodrigo Belmonte, ôfstammet fan Rustem fan Kerakek, in personaazje út The Sarantine Mosaic, dy't oan 'e ein fan Lord of Emperors, it twadde diel fan dy iuwen earder spyljende duology, ôfsette nei Esperaña om him dêr te fêstigjen.

The Lions of Al-Rassan spilet op in grut skiereilân dat basearre is op it Ibearysk Skiereilân fan 'e Midsiuwen. It noarden, Esperaña (basearre op Spanje), wurdt behearske troch de jaddisten (basearre op 'e kristenen), dy't de Sinnegod Jad ferearje. Harren lân is útinoar fallen yn trije lytsere keninkriken: Jaloña, Valledo en Ruenda. Jaloña liket basearre te wêzen op it Keninkryk Aragon, Valledo is in ôfspegeling fan it Keninkryk Kastylje en Ruenda soe dan it Keninkryk Leön foarstelle moatte (hoewol't it geografysk mear wei hat fan it Keninkryk Galysje of mooglik it Keninkryk Portegal).

De súdlike helte fan it skiereilân wurdt beslein troch Al-Rassan, wêrmei't Kay in treffend byld skilderet fan it Moarske Andalúsje. Dêr libje de ashariten (basearre op 'e moslims), dy't de stjerren en de profeet Ashar ibn Ashar (basearre op Mohammed) ferearje. It Kalifaat Al-Rassan is útinoar fallen, en no wurdt it lân regearre troch in stik as fyftjin keninkjes, fan wa't de measten mar ien stêd behearskje. Yn Al-Rassan libje ek de Kindath (basearre op 'e joaden), dy't de beide moannen ferearje. Hoewol't strange ashariten harren ferspije, wurdt harren oanwêzigens yn Al-Rassan dulde; yn it jaddistyske Esperaña binne se lang lyn al it lân útdreaun.

Hoewol't de trije religyen, sa't Kay dy beskriuwt, mar kwealk oerienkomsten fertoane mei kristendom, joadendom en islaam, makket de skriuwer troch de kultueren dy't er oan 'e godstsjinsten ferbynt, ûntsjinsisber dúdlik wat er dermei bedoelt. De trije wichtichste haadpersoanen fan The Lions of Al-Rassan komme elts út in oare religy en kultuer. Jehane bet Ishak is in froulike Kindath-dokter út Fezana yn Al-Rassan, dy't Kay loskes basearre hat op it personaazje Rebecca fan York, út sir Walter Scott syn Ivanhoe. Rodrigo Belmonte is in jaddistyske kaptein fan in rezjimint kavalery, dy't basearre is op 'e histoaryske Spaanske ridder El Cid. En Ammar ibn Khairan is in asharityske dichter en soldaat dy't basearre is op Moarske dichter en steatsman Muhammad ibn Ammar.

Tematyk It wichtichste tema fan The Lions of Al-Rassan is de wikselwurking tusken rasisme en ferdraachsumens. De haadpersoanen binne alle trije fan goede wil, mar de measte jaddisten en ashariten binne fan miening dat sawol de tsjinpartij as de Kindath mei ierde en oer útrûge wurde moatte. De Kindath komme dêrtroch tusken twa fjurren te sitten, mar itselde is wier foar Al-Rassan sels, mei syn tunen, fonteinen en poëzij, as yn reäksje op 'e ferovering troch de jaddisten út it noarden de asharityske bedoeïnen út 'e ûnherberchsume woastinen fan 'e Majriti (basearre op 'e Magreb) nei Al-Rassan oerstekke, dy't neat jouwe om 'e ferfynde kultuer dêre en harren pleatslike leauwensgenoaten beskôgje as in soadsje dekadinte sloppelingen. The Lions of Al-Rassan azemet sadwaande in selde soarte sfear fan fergonklikens as nei foarren komt út 'e beskriuwing fan 'e elven yn it wurk fan J.R.R. Tolkien, wat gjin tafal liket, mei't Guy Gavriel Kay nei Tolkien syn ferstjerren as redakteur meiwurke hat oan 'e útjefte fan The Silmarillion.

Haadpersoanen yn Al-Rassan Almalik I, kening fan Cartada ("de Liuw fan Cartada") Almalik II, syn âldste soan en erfgenamt Hazem, syn twadde soan, in from asharyt Zabira, syn favorite mêtresse Ammar ibn Khairan fan Aljaïs, syn riedsman en de learaar fan 'e kroanprins Badir, kening fan Ragosa Mazur ben Avren, syn earste minister, in man fan it Kindath-leauwe Tarif ibn Hassan fan Arbastro, in rôverhaadman mei in priis op syn holle Idar en Abir, syn soannen Husari ibn Musa fan Fezana, in keapman yn side Jehane bet Ishak, in Kindath-dokter yn Fezana Ishak ben Yonannon, har heit, foarhinne ek dokter, mar no in ynfalide Eliane bet Danel, har mem Velaz ben Ishak, harren âldere tsjinstfeint yn de trije keninkriken fan Esperaña Sancho de Fette, kening fan Esperaña, no ferstoarn Raimundo, kening fan Valledo, syn âldste soan, ek ferstoarn Ramiro, kening fan Valledo, syn twadde soan keninginne Ines, dochter fan 'e kening fan Ferrieres, syn frou greve Gonzalez de Rada, de seneskalk fan Valledo Garcia de Rada, syn arrogante, dwerskoppige jongere broer Rodrigo Belmonte ("de Kaptein"), in kavaleryofsier en hynstefokker, foarhinne, ûnder it regear fan kening Raimundo, seneskalk fan Valledo Miranda Belmonte d'Alveda, syn frou Fernan en Diego, syn twillingsoannen Ibero, in geastlike en de learaar fan Fernan en Diego Laín Nunez, de ûnderbefelhawwer fan syn rutertroep Alvar de Pellino, Martín en Ludus, guon fan 'e leden fan syn rutertroep Sanchez, kening fan Ruenda, syn trêde soan keniginne Bearte, syn frou Bermudo, kening fan Jaloña, syn jongere broer keninginne Fruela, syn frou greve Nino di Carrera, syn favorite hôveling (en de minner fan 'e keninginne) yn 'e woastinen fan 'e Majriti Yazir ibn Q'arif fan 'e Zuhriten, master fan 'e stammen en hear fan 'e Majriti Ghalib ibn Q'arif, syn broer, de oarlochslieder fan 'e stammen yn eastlike lannen Geraud de Chervalles, hege geastlike fan Jad yn Ferrieres Rezzoni ben Corli, in Kindath-dokter en de eardere learmaster fan Jehane bet Ishak, út 'e stêd Sorenica yn Batiara

Ynhâld It skiereilân dêr't it ferhaal spilet, is ferdield yn in noardlik diel, Esperaña (basearre op it Midsiuwske Spanje), dat yn 'e hannen is fan 'e oanhingers fan it jaddisme (basearre op it kristendom) en in súdlik diel, Al-Rassan (basearre op it Moarske Andalúsje), dat behearske wurdt troch de oanhingers fan it asharisme (basearre op 'e islaam). Beide dielen fan it skiereilân wurde faninoar skaat troch in brede sône fan nimmenslân dy't dwers oer it skiereilân rint. Nei de dea fan kening Sancho de Fette is Esperaña ferdield rekke yn trije keninkriken: Valledo (basearre op it Keninkryk Kastylje), ûnder it regear fan syn soan Ramiro; Ruendo (basearre op it Keninkryk Leön), dêr't syn soan Sanchez regearret; en Jaloña (basearre op it Keninkryk Aragon), dat bestjoerd wurdt troch syn jongere broer Bermudo. Underwilens is yn it suden it âlde Kalifaat Al-Rassan útinoar fallen yn in stik as fyftjin lytse keninkrykjes, wêrfan't de wichtichsten Cartada (basearre op it Kalifaat Córdoba) en Ragosa (basearre op it Emiraat Granada) binne. Nei iuwenlang troch de ashariten dominearre te wêzen, waakse de keninkriken fan Esperaña no wer oan yn macht, wylst it fallen Al-Rassan krekt ferdield en dêrtroch kwetsber rekke is, en yn macht belunet.

The Lions of Al-Rassan iepenet mei in prolooch wêryn't ferteld wurdt hoe't de dichter en soldaat Ammar ibn Khairan yn opdracht fan kening Almalik I fan Cartada de lêste kalyf fan Al-Rassan fermoardet. It eigentlike ferhaal begjint fyftjin jier letter yn Fezana, in stêd dy't deunby it nimmenslân leit, as de froulike Kindath-dokter Jehane bet Ishak op ien en deselde deis de beide meast beruchte manlju fan it skiereilân moetet: Ammar ibn Khairan en Rodrigo Belmonte.

Fezana is koartby ferovere troch Cartada, en der hearsket in opstannige sfear yn 'e stêd. Kening Almalik I stjoert dêrom syn soan, de kroanprins, dy't ek fan Almalik hjit, nei Fezana ta, begelaat troch dy syn learaar Ammar ibn Khairan. Wat dy beide net witte, is dat kening Almalik in plan betocht hat om Fezana foargoed lytsman te meitsjen en tagelyk syn soan in leske te learen en de reputaasje fan Ibn Khairan, dy't te machtich driget te wurden, te besmodzgjen. De 140 meast foaroansteande manlju yn Fezana wurde útnûge om yn 'e kunde brocht te wurden mei de kroanprins. Dyselde wachtet harren op it binnenplak fan 'e boarch fan Fezana op, en dêr wurde se ien foar ien hinne brocht troch in lange dûnkere tunnel. Oan 'e ein fan 'e tunnel, as se fan it dûnker yn it felle sinneljocht komme en neat sjogge, wurdt harren ien foar ien de holle ôfhoud troch de liifwachten fan 'e kroanprins. Sa wurdt Fezana ûntdien fan alle lju dy't in opstân liede kinne soene en wurdt de prins foar iens en foar altyd dúdlik makke hoe ûnmeilydsum oft syn heit wol net is. En om't eltsenien leauwe sil dat dit grouwelstik betocht is troch Ammar ibn Khairan, sil nimmen de man ea wer fertrouwe.

Dyselde deis wurdt de dokter Jehane bet Ishak yn Fezana by in pasjint roppen, de keapman Husari ibn Musa, dy't lêst fan nierstiennen hat. Dejinge dy't har by him bringt, is Ammar ibn Khairan, dy't kunde hat oan 'e keapman. Husari is ien fan 'e 140 manlju dy't útnûge binne om by de kroanprins te kommen, mar Jehane ferbiedt him om syn bêd te ferlitten en rêdt dêrmei syn libben. As de moard op 'e 139 oaren oan it ljocht komt, ferskûlet Jehane har pasjint yn it Kindath-kertier fan Fezana oant it tsjuster wurdt en se him helpe kin om 'e stêd te ûntflechtsjen. Husari, foarhinne in fleurige fetlak dy't goed fan it libben geniete, feroaret troch syn 'benei-dea-ûnderfining' alhiel, en swart wraak op kening Almalik. Jehane hat sels hat ek noch in appeltsje mei de kening te skilen. Fjouwer jier lyn hat har heit, de briljante dokter Ishak ben Yonannon, it libben rêden fan Zabira, de mêtresse fan Almalik, en har poppe, troch foar it earst yn 'e skiednis in keizersneed út te fieren. Dêrfoar moast er fansels wol dy asharityske frou oanreitsje, eat dat de Kindath strang ferbean is. Eins hie Almalik him dêrfoar neitiid de deastraf oplizze moatten, mar de kening wie genedich, en liet de dokter inkeld de eagen útstekke en de tonge útsnije. Nei dêroer fjouwer jier omwrokke te hawwen, is Husari syn foarnimmen om wraak op Almalik te nimmen foar Jehane reden om einlings ek aksje te ûndernimmen. Hja beslút om mei him de stêd te ferlitten.

Underwilens wurdt yn it keninkryk Valledo de rutertroep fan 'e ferneamde kavaleryofsier Rodrigo Belmonte, byneamd "de Kaptein", útstjoerd om 'e jierlikse skatting op te heljen dy't Valledo fan 'e stêd Fezana ôftwongen hat. Ear't Belmonte útriidt, hat er in konfrontaasje mei greve Gonzalez de Rada, dy't him ferfongen hat as seneskalk fan Valledo. Belmonte wit dat De Rada syn jongere arrogante broer Garcia de Rada fan doel wie om mei syn mannen op plondertocht te gean yn Al-Rassan. Hy warskôget De Rada dêrom dat er de skatting dy't er ophelje sil yn Fezana as belesting beskôget, mei de betelling wêrfan't Fezana beskerming fan 'e kening fan Valledo kocht hat. As er Garcia de Rada by Fezana tsjinkomt, sil er de man dêrom sûnder pardon deadzje. Belmonte-en-dy arrivearje by Fezana op 'e jûns fan 'e dei dat de 139 manlju fermoarde binne. Se komme dêrfan te witten as Husari ibn Musa, Jehane bet Ishak en har tsjinstfeint Velaz it kamp binnenride dat se deunby de stêd opslein hawwe.