In minskesliner of minske-iter is in bist dat minsken bejaget, deadet en opfret. Dy omskriuwing slút út: it opfretten fan minsklike liken troch iesiters en it oanfallen en deadzjen fan minsken sûnder dat dêr konsumpsje fan it minsklik lichem op folget. Minsken kinne troch withoefolle soarten bisten oanfallen wurde, mar minskesliners binne rôfdieren dy't it iten fan minsklik fleis ta in normaal ûnderdiel fan harren menu makke hawwe.
By de measte registrearre gefallen fan minskesliners giet it om tigers, loaihoarsen (panters), liuwen of krokkedillen, mar dat binne beslist net de iennichste bisten dy't minsken deadzje en opfrette kinne. Soks is nammentlik ek bekend fan û.m. bearen, komodofaranen, hyena's en haaien. It feit dat bisten har ta minskesliners ûntjouwe, hat faak te krijen mei úthongering, ferâldering en sykte. Dêrtroch kinne bgl. liuwen en tigers faak harren normale proaidieren net mear fange, wat har twingt om te jeien op in ûnnoazelder proai: de minske. Oan 'e oare kant is it sa dat guon histoaryske minskesliners sa sûn as wat en yn 'e krêft fan har libben wiene.
Kateftigen Tigers Tigers (Panthera tigris) binne ferantwurdlik foar de dea fan mear minsken as lykfol hokker oare yndividuële bistesoarte ek. Oan it begjin fan 'e tweintichste iuw kamen yn Britsk-Ynje elts jier likernôch 1.000 minsken om troch tigeroanfallen, en de saneamde Tigerinne fan Champawat allinnich al die tusken de 1890-er jierren en 1907 436 lju dea. Yn 'e sompen fan 'e Sundarbans, yn súdwestlik Banglades, tsjin 'e grins mei Yndia oan, waarden foàr de moderne tiid yn trochsneed 50 oant 60 minsken jiers troch tigers opfretten, en noch tusken 1969 en 1971 fûnen yn dy krite 129 minsken de dea by tigeroanfallen. Yn 2008, doe't der troch tadwaan fan 'e sykloan Sidr in grut ferlies fan gaadlike habitat plakfûn, late dat ta in oansjenlike taname fan it tal oanfallen op minsken oan 'e Yndiaaske kant fan 'e Sundarbans, mei't de tigers dêrhinne oerstieken út it Bingaalske diel, om't dat derûnder strûpt wie. ferneamde gefallen de Tigerinne fan Champawat (1890-er jierren oant 1907) de Tigers fan Chowgarh (1925 oant 1930) de Tigerinne fan Jowlagiri (ûndúdlik; nei 1936, mar foàr 1954) de Tiger fan Mundachipallam (ûndúdlik; nei 1936, mar foàr 1954) de Tiger fan Segur (ûndúdlik; nei 1936, mar foàr 1954) de Tiger fan Pilibhit (2010) de Minskesliner fan Champaran (2022)
Liuwen
Fan minskeslinende liuwen (Panthera leo) is bekend dat dy der net foar tebekskrilje om sawol nachts as oerdeis doarpen binnen te gean om dêr aktyf op harren ferkeazen proai te jeien. Dy ûnferskrokkenens makket minskeslinende liuwen iroanysk genôch makliker te deadzjen as minskeslinende tigers, dy't ornaris út 'e buert fan doarpen bliuwe. It bekendste gefal fan minskeslinende liuwen wie dat fan 'e Minskesliners fan Tsavo, dy't yn 1898 yn Kenia 135 slachtoffers makken ear't se sels deade wurde koene. Troch de útwreiding fan doarpen en boulân yn gebiet dat earder wyldernis wie, en it dêrmei mank geande ferlies oan habitat foar liuwen, naam it tal minskeslinende liuwen tusken 1990 en 2005 op it plattelân fan Tanzania dramatysk ta. Teminsten 563 doarpsbewenners waarden yn dy perioade oanfallen en in grut diel dêrfan ek opfretten. It wurdt rûsd dat hjoed de dei elts jier wrâldwiid likernôch 250 minsken troch liuwen deade wurde. ferneamde gefallen de Minskesliners fan Tsavo (1898) de Liuwen fan Tsombe (1932 oant 1947)
Loaihoarsen Hoewol't minskeslinende loaihoarsen of panters (Panthera pardus) mar in lyts persintaazje fan alle loaihoarsen binne, hawwe se histoarysk yn guon gebieten in grutte pleach west. Fan ien loaihoars yn Yndia is bekend dat er mear as 200 minsken deade. Saakkundige Jim Corbett hat fêststeld dat loaihoarsen har yn 'e regel ta minskesliners ûntjouwe nei't se earder minsklike kadavers opfretten hawwe. Dêrmei wike se ôf fan tigers, dy't almeast minskesliners wurde fanwegen âlderdomsswierrichheden of sykte. Yn Aazje fine loaihoarsoanfallen yn 'e regel nachts plak, mar yn Afrika komme se ek by ljochtskyndei foar. Yn Yndia brekke loaihoarsen soms troch barrikadearre doarren hinne of grave se gatten yn reidtekken om har proai te berikken. ferneamde gefallen it Loaihoars fan de Sintrale Provinsjes (1858) it Loaihoars fan Panar (1907 oant 1910) it Loaihoars fan Rudraprayag (1918 oant 1926) it Loaihoars fan Gummalapur (ûndúdlik; nei 1936, mar foàr 1954) it Loaihoars fan de Yellagiri-heuvels (ûndúdlik; nei 1954, mar foàr 1957) it Loaihoars fan Karanja (1990)
Oare kateftigen Oanfallen fan oare kateftigen op minsken binne tige seldsum. Yn Noard-Amearika komt wolris in oanfal fan in poema (Puma concolor) op in minske foar, mar dat bart mar hiel inkeld, mei't it weromkennen fan proaien by poema's in foarm fan oanleard gedrach is en se minsken dêrom ornaris net as proai weromkenne. Yn gefallen fan slimme úthongering kin it wêze dat poema's fee, húsdieren of minsken (meast bern) oanfalle. Ek fan jagûars (Panthera onca) is bekend dat se hiel soms minsken oanfalle, mar it is noch nea waarnommen dat se dy dêrnei ek opite.
Hûneftigen Wolven
Yn ferliking mei oare fleisiters dy't minsken oanfalle om se op te fretten, komme oanfallen troch grize wolven (Canis lupus) mar tige selden foar, wat oanjout dat wolven yn ferhâlding ta har grutte en rôfsuchtich potinsjeel mar in hiel lytse bedriging foar minsken foarmje. Yn 'e seldsume gefallen dat der àl oanfallen fan wolven op minsken plakfine, binne de slachtoffers yn 'e regel bern. It is bekend dat by wolven dy't deunby minsklike wenplakken libje, gewenning, d.w.s. it ferliezen fan har eangstme foar de minske, in rol spilet by it ûntstean fan wolve-oanfallen. ferneamde gefallen de Wolven fan Parys (1450) de Wolf fan Ansbach (1685) de Bist fan Gévaudan (1764 oant 1767) de Wolf fan Soissons (1765) de Wolven fan Périgord (1766) de Wolf fan Sarlat (1766) de Wolf fan Gysinge (1820 oant 1821) de Wolven fan Turku (1880 oant 1881) de Wolven fan Kirov (1944 oant 1954) de Wolven fan Hazaribagh (1981) de Wolven fan Ashta (1985 oant 1986)
Dingo's Oanfallen mei fatale ôfrin troch dingo's (Canis dingo) op minsken binne tige seldsum, en dêrfan binne yn Austraalje mar 3 registrearre. Alle trije kearen wie it slachtoffer in jong bern. Ornaris binne dingo's minskeskou en geane se minsken dêrom út 'e wei. ferneamde gefallen de Ferdwining fan Azaria Chamberlain (1980)
Hûnen Krekt as oare grutte lânrôfdieren hawwe hûnen fan 'e gruttere rassen yn prinsipe de krêft, linigens, rôfsucht en yntelliginsje om in minske te deadzjen en op te fretten. Dat se dat ornaris net dogge, leit poer oan hoe't se beleard binne, want as húsdier hawwe se totaal gjin natuerlike skouwens foar de minske oer, dy't har behinderet om minsken tenei te kommen. Foegje dêr in ridelstruktuer oan ta, en dan kinne sels lytseftige hûntsjes gefaarlik wurde. De measte minsklike stjergefallen troch hûne-oanfallen komme, oars as by oare bisten, net fuort út honger, mei't húsdieren ornaris tefolle fretten krije om wanhopigernôch te wurden en beskôgje minsken as proai, wylst sels swerfhûnen yn 'e regel troch skoaien en iesfretten wol genôch byinoar skarrelje kinne. It is dêrom tige dreech om jinsels oan in hûne-oanfal te ûntlûken, mei't de hûn(en) net ôf te lieden wêze sille mei wat fretten.
Fatale hûne-oanfallen falle yn 'e regel yn twa kategoryen. Yn it foarste plak komt it foar dat in ridel swerfhûnen lju de oanfal útfierd. Dêrby giet it faak om it ferdigenjen fan in territoarium. De oare kategory omfiemet oanfallen fan húsdieren dy't beleard binne as fjochthûn of hiemhûn, en dy't troch har eigner tsjin oare minsken ophyst wurde, dy't oan 'e behearsking fan har eigner ûntkomme en sûnder syn bedoeling oare minsken oanfalle, of dy't har tsjin har eigner keare. Beskate hûnerassen, lykas de pitbullterriër, steane om sokke oanfallen bekend, mar eins binne it de minsken dy't sokke hûnen ferkeard gedrach oanleare, dy't ferantwurdlik binne foar de oanfallen. It komt ek foar dat sokke hûnen as martelwurktúch brûkt wurde; sa stiene ûnder de Twadde Wrâldoarloch guon bewekkers yn Dútske konsintraasjekampen, lykas Irma Grese, derom bekend dat se hûnen oansetten ta it deabiten fan finzenen en se dêrnei it lyk foar in diel opfrette lieten.
Prêrjewolven Frijwol alle bekende oanfallen fan prêrjewolven (Canis latrans) op minsken binne mislearre trochdat de minske weromfocht, útnaaide of troch oare lju rêden waard. Der binne mar twa deadlike oanfallen fan prêrjewolven op minsken bekend, en inkeld yn it gefal fan Taylor Mitchell waard it slachtoffer neitiid foar in diel opfretten. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat dy oanfal yn Nij-Skotlân plakfûn, dêr't de measte 'prêrjewolven' eins krusings mei grize wolven binne. ferneamde gefallen de Prêrjewolve-oanfal op Kelly Keen (1981) de Prêrjewolve-oanfal op Taylor Mitchell (2009)
Bearen Hoewol't oanfallen fan bearen op minsken net faak foarkomme, binne se foar it slachtoffer faker as de oanfallen fan oare bisten fataal, fanwegen de ûnbidige krêft dy't bearen hawwe. Rôfsuchtige bedoelings binne by beare-oanfallen alhiel net nedich. Fral by de brune bear (Ursus arctos) en grizzlybear (Ursus arctos horribilis), dat eins in ûndersoarte fan 'e brune bear is, komme oanfallen op minsken faker fuort út 'e oandriuw om in territoarium te ferdigenjen of út it memme-ynstinkt fan wyfkes dy't har jongen beskermje wolle. Wiere minskeslinende brune bearen binne tige seldsum, en as soks foarkomt, giet it frijwol altyd om sike of krebintige eksimplaren dy't dêryn dreaun wurde troch honger. Sa waarden yn july 2008 by in salmkwekerij op it Kamtsjatka-skiereilân twa geologen deade en foar in diel opfretten troch tsientallen úthongere brune bearen.
Hoewol't de grizzlybear de reputaasje hat, binne yn Noard-Amearika neffens in ûndersyk út 2011 op harsels libjende mantsjes fan 'e Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus) eins ferantwurdlik foar it meastepart fan 'e beare-oanfallen op minsken. Sokke mantsjes beskôgje minsken as proai en falle oan mei as doel om har slachtoffers op te fretten. De sitewaasje yn Aazje fertoant in selde byld, mei't de Aziatyske swarte bear (Ursus thibetanus) folle agressiver foar minsken oer stiet as de gruttere brune bear, dy't yn Aazje selden ferantwurdlik is foar oanfallen op minsken. Yn guon kriten fan Yndia en Birma wurde lippebearen (Melursus ursinus) mear freze as tigers fanwegen harren ûnfoarsisbere gedrach. Iisbearen (Ursus maritimus), dy't minsklike oanwêzichheid yn har wengebiet frijwol folslein ûngewoan binne en dêrom net de minste skouwens foar minsken oer hawwe, beskôgje minsken gewoan as proai, krekt as alle oare bisten dy't se te pakken krije kinne. Mei de juste foarsoarch kinne se lykwols maklik op in ôfstân holden wurde. ferneamde gefallen de Brune Bear fan Sankebetsu (1915) de Lippebear fan Mysore (1957) de Dea fan Timothy Treadwell (2003)
Hyena's Hoewol't hyena's beslist gjin skrupules hawwe om minsklike kadavers te beplúzjen, binne se oer it generaal tige skou foar libbene minsken oer, en folle minder gefaarlik as grutte kateftigen. Dat sein hawwende, binne sawol de bûnte hyena (Crocuta crocuta) as de lytsere streekte hyena (Hyaena hyaena) grutte rôfdieren dy't net folle muoite hawwe soene om in ûnwapene minske te oermasterjen, en fan beide soarten is bekend dat se dat yn tiden fan slimme itenskrapte ek wol dogge. Krekt as oare rôfdieren jouwe se dêrby de foarkar oan 'e maklikste slachtoffers: bern, froulju en sike of ferwûne manlju. Fan 'e beide soarten is de bûnte hyena it gefaarlikst, dy't grutter, rôfsuchtiger en agressiver is as de streekte hyena. Fan 'e oare beide hyenasoarten, de brune hyena (Hyaena brunnea) en de ierdwolf (Proteles cristata), binne gjin oanfallen op minsken bekend.
Bargen