Ambrosius Holbein (Augsburg, om 1494 – Bazel, om 1519) wie in Dútsk keunstskilder, graveur en boekyllustrator. Hy wurke yn de oergongsperioade fan de gotyk nei de renêssânse. Hy wie in soan fan Hans Holbein de Alde en de âldere broer fan Hans Holbein de Jonge.
Ambrosius Holbein krige syn oplieding, lyk as syn broer, fan syn heit yn Augsburg. Hy festige him mei syn broer yn Bazel, dêr't er yn 1517 ynskreaun waard al lid fan it pleatslik skildersgilde. Hy skildere portretten, religieuze tafrelen en fresko's en makke houtfiken foar boekyllustraasjes.
Holbein stoar jong yn Bazel foar't syn talint ta fol waaksdom komme koe.
Keppelings om utens Links nei wurk yn artcyclopedia.com
Kategory:Dútsk graveur Kategory:Dútsk keunstskilder Kategory:Dútsk yllustrator Kategory:Persoan berne yn 1494 Kategory:Persoan stoarn yn 1519