Consolidated PBY Catalina 275px Rol Ferkenner-bommesmiter, ûnderseeboatjager Makker Consolidated Aircraft Untwerper Isaac M. Laddon Earste flecht 28 maart 1935 Yn tsjinst Oktober 1936, United States Navy Ut tsjinst Jannewaris 1957 (Reserve Amerikaanske Marine)1979 (Brazyljaanske Loftmacht) Tal makke 3.305 (1936-1945) Grutste brûkers United States Navy, United States Army Air Forces Royal Air Force Royal Canadian Air Force Farianten Sjoch:

thumb|left|Bioskoopsjoernaal 1955. Ferslach fan de tochten fan Catalina-fleanboaten fan de MLD fan Biak nei de Wikselmarren. De tastellen fersoargen transport fan minsken en guod nei Nederlânske posten. De Consolidated PBY Catalina (NAFO-koadenamme: Mop), yn 't koart Catalina, wie in troch it Amerikaanske bedriuw Consolidated Aircraft ûntworpen en makke fleanboat of wetterfleantúch, dy't (útsein de iere fariant) ek op in lâningsbaan lânje koe. De Catalina waard ûnder oaren troch de Amerikaanske marine, de RAF, de Russyske en Kanadeeske striidkrêften brûkt fan 1936 ôf oant nei de Twadde Wrâldkriich. It fleantúch is it meast boude wetterfleantúch ea.

Tusken 1941 en 1957 wiene fleanboaten fan dit type ek by de Nederlânske Marine Loftfearttsjinst (MLD) yn gebrûk. De Catalina is oant fier yn de twadde helte fan de 20e iuw aktyf west by ferskate loftmachten en tsjinnet op plakken noch wol as blusfleantúch by it bestriden fan boskbrannen. Op 't heden binne se ek noch te sjen yn museums en by loftshows.

De Catalina hat by ferskate grutte aksjes yn 'e Twadde Wrâldoarloch belutsen west yn fral in strategyske rol. It wie bygelyks in Britske Catalina dy't it, yn de mist ferdwûne, Dútske slachskip "Bismarck" en de swiere krúser "Prinz Eugen" in Strjitte Denemarken tusken Yslân en Grienlân yn maaie 1941 ûntduts. De Catalina koe de krekte posysje oan de Britske marine trochjaan koe de "Bismarck" úteinlik troch Swordfish-twadekkers mei torpedo's te sink brocht wurde.

Technyske gegevens thumb|250px|PBY-6A + Technyske gegevens Consolidated PBY-5A CatalinaGegevensTypSeeferkenner en ûnderseeboatjagerBemanning9Oandriuwingtwa Pratt & Whitney R-1830-92-Stjermotors fan 882 kW (1200 hk)Heechste faasje315 km/oFleanberik 4055 kmLangte19,46 mSpanwiidte31,70 mFleugeloerflak130,06 m²Fleugelbelêsting124,00 kg/m²Gewichtleech: 7976 kg; max. Startgewicht: 16.081 kgBewapeningtrije 7,62-mm-MGs; twa 12,7-mm-MGs, 1816 kg bommen of torpedo's

Keppelings om utens Stichting "Vrienden van de Catalina" Catalina Society Fleanreeë PBY-5A Catalina fan de Neptune Association

Kategory:Fleanboat Kategory:Amerikaanske bommesmiter Kategory:Amerikaanske ferkenningsfleanmasine Kategory:Amerikaanske wetterfleanmasine Kategory:Amerikaanske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1935