Walsall is in yndustrystêd yn it Ingelske greefskip West Midlands. It plak leit sa'n 10 km. noardwest fan de stêd Birmingham en 8 km. beëasten Wolverhampton.

Skiednis Yn 1002 wurdt Walsall foar it earst skriftlik neamd; yn 1159 krige it plak stedsrjochten. De Queen Mary’s Grammar School dêre waard yn 1554 iepene.

Yn de 17e iuw waard Walsall in sintrum fan learbewurking. De oansluting op it spoar yn 1847 befoardere de ekonomyske ûntjowing fan de stêd fierder.

Berne yn Walsall John Edward Gray (1800), soölooch Jerome K. Jerome (1859–1927), skriuwer

Kategory:Plak yn Ingelân