De Epifanytsjerke (Russysk: Церковь Богоявления Господня) is in otterdokske tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân. De tsjerke waard tusken de jierren 1684 en 1693 boud mei jild fan 'e hannelsman Aleksej Zûbtsjaninov en is benammen bekend fanwegen de fresko's en de tapassing fan keramyk yn 'e gevels. It plein dêr't de tsjerke oan stiet is ferneamd nei de Epifanytsjerke.
De tsjerke makket diel út fan it Museum fan Jaroslavl en is simmerdeis iepen foar it publyk. Arsjitektuer De fiif mei sipels bekroande tamboeren binne ryk dekorearre en ferheffe har boppe twa rigen fan kokosjniki. Op it suden fan 'e tsjerke is in oan \ e hillige Dimitri fan Vologda wijde kapel tafoege. Oan de noardlike kant is noch in kapel dy't oan it Lêste Oardiel is wijd. It ynterieur fan de sintrale tsjerke wurdt ferljochte troch njoggen grutte ramen.
Fresko's De tsjerke waard yn 1693 beskildere troch in groep skilders ûnder lieding fan Dimitry Grigorjev en Fjodr Ignatjev.
Ofbylden
Kategory:Tsjerkegebou yn Jaroslavl Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út 1693