thumb|left|Plak fan oblast Jaroslavl yn Ruslân Jaroslavl (Russysk: Ярославль) is in stêd yn midden Jeropeesk Ruslân oan de rivier de Wolga, op sa'n 250 kilometer noardeastlik fan Moskou. It plak is it bestjoerlik sintrum fan de oblast Jaroslavl. It histoarysk sintrum fan de stêd, by it byinoar kommen fan de Wolga en de Kotorosl, stiet op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO. De stêd is part fan de Gouden Ring fan Ruslân, in groep fan toeristyske, histoaryske stêden om Moskou hinn en is ien fan de âldste stêden fan it lân.

De hjoeddeiske stêd leit op 7 kilometer benoardeasten de eardere Wytsingedelsetting Timerjovo út de 8e of 9e iuw. Foar de komst van de Slaven wennen op it plak fan Jaroslavl sprekkers fan Finûgryske talen.

De stêd hat in binnenhaven (oan de Wolga), is in ferkearsknooppunt (spoar, wegen, skipfeart) en wichtich yndustrieel sintrum, mei ûnder oaren ierdoaljeraffinaazje, de bou fan motors, masines en hys- en takelapparatuer; rubber-, tekstyl-, hout-, grafyske en fiedingsmiddelenyndustry. De universiteit bestiet sûnt 1970; der binne ferkate hegeskoallen en wittenskiplike ûndersyksynstituten. Fierders hat de stêd musea foar arsjitektuer, byldzjende keunsten en skiednis; planetarium. It Volkovteäter, yn 1750 stichte troch Volkov en Poljoesjkin, is it âldste teäter fan Ruslân.

Ynwennertal Jier Ynwennertal 1811 23.800 1840 34.900 1856 26.900 1863 27.700 1897 71.616 1914 111.200 1923 91.000 1926* 112.200 1931 155.500 1939 299.359 Jier Ynwennertal 1956 374.000 1959* 407.071 1962 443.000 1967 498.000 1970* 517.314 1973 549.000 1976 576.000 1979 596.951 1982 614.000 1986 630.000 Jier Ynwennertal 1989* 632.991 1992 636.900 1996 627.500 1998 623.300 2002* 613.088 2005 605.200 2007 604.000 2008 605.200 2010* 591.486

Bouwurken Yn Jaroslave steane in Untsliepeniskatedraal en in Aartsingel Michaeltsjerke, neffens de oerlevering beide út 1215.

Partnerstêden In kar Kassel, Dútslân (sûnt 1988) Almere, Nederlân

Kategory:Plak yn Jaroslavl (oblast) Kategory:Wrâlderfgoed yn Ruslân Kategory:Plak stifte yn 1010 Kategory:Gouden Ring (Ruslân)