De Tsjerke fan de Hillige Martler Klemens, Paus fan Rome (Russysk: Храм священномученика Климента, Папы Римского) is in barokke tsjerke yn Moskou, Ruslân. De otterdokske tsjerke falt ûnder it Moskovoretsky dekanaat fan it bisdom Moskou en waard ferneamd nei paus Klemens I. It is de grutste tsjerke fan it distrikt Zamoskvoretsje.

Om't it belangrykste alter wijd waard oan 'e transfiguraasje fan de Hear stiet de tsjerke ek bekend ûnder de namme Transfiguraasjetsjerke (Преображенская церковь).

Skiednis Yn skriftlike boarnen wurdt de tsjerke foar it earst yn 1612 neamd. Dat wie doe noch in houten tsjerke. De earste stiennen tsjerke op it plak datearre fan 1657. De tsjerke waard op 'e nij boud yn 1720 en yn de jierren 1756-1768 waard der in refektoarium en klokketoer tafoege. De tastimming om de âlde tsjerke ôf te brekken en oant 1769 te ferfangen troch de hjoeddeiske, mei fiif koepels bekroande, barokke tsjerke folge yn 1762. thumb|left|220px|De Klemenstsjerke yn 1881 (N.A. Naidenov De Klemenstsjerke hie te lijen fan de brân fan Moskou yn 1812. De skea oan 'e Klemenstsjerke bleau lykwols beheind ta it eksterieur, mar om't de parochy sa earm wie, waard de tsjerke troch it bisdom op de list fan de fjirtjin tsjerken set, dy't de measte help nedich hie worldwalk.info, sadat yn in jier tiid de skea wer ferholpen wie.

De Klemenstsjerke yn de Sovjet-tiid Yn de Sovjet-tiid bleau de Klemenstsjerke oant 1929 foar de earetsjinst iepen. Dêrnei waard it gebou oan 'e Lenin-bibleteek jûn om materjaal op te slaan.

Weromjefte en restauraasje Yn 2008 waard de tsjerke, wêrfan't it eksterieur goed bewarre bleau wie en it ynterieur ek ta in sekere hichte, oerdroegen oan de otterdokske mienskip. Mei finansjele help fan 'e Moskouse oerheid waard in restauraasje oan 'e fertutearzge tsjerke útfierd. Foar de tsjerketsjinsten waard ynearsten it noardlike skip brûkt.

Op 27 septimber 2014 fûn de rite fan de grutte konsekraasje fan de restaurearre tsjerke troch patriarch Kirill plak.

Ofbylden

Kategory:Tsjerkegebou yn Moskou Kategory:Eastersk-otterdoks tsjerkegebou Kategory:Bouwurk út de 17e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1657 Kategory:Bouwurk út 1657 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1720 Kategory:Bouwurk út 1720 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1762 Kategory:Bouwurk út 1769