De Minnistetsjerke (fermanje) is in tsjerkegebou yn Drachten yn Fryslân.

Beskriuwing De sealtsjerke út 1790 mei pilastergevel krige om 1860 in eklektyske yngang (1878). De east- en westmuorre wurde troch lisenen yn trije traveeën mei in rûnbôgefinster ferdield. It hege skylddak hat twa wynwizers yn de foarm fan in hynder en in skip.

It ynterieur is oerdutsen mei in tonferwulft fan tripleks. Der binne twa brânskildere ruten (1950) fan glêzenier H. Duchêne mei de teksten: Het volk dat in duisternis wandelt zal een groot licht zien (Jesaja 9:1), Brande ons hart niet in ons toen Hij tot ons sprak en ons de schriften openbaarde (Lukas 24:32).

It oargel út 1857 is makke troch L. van Dam & Soannen en útwreide yn 1928.

Keppeling om utens Disposysje oargel Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Kategory:Tsjerkegebou yn Drachten Kategory:Ryksmonumint yn Smellingerlân Kategory:Bouwurk út 1790