Twigen út in Alde Stamme, oarspronklik stavere as: Twîgen uwt ien Alde Stamme, wie in lytse samling koarte ferhalen en gedichten skreaun troch Joast en Eeltsje Hiddes Halbertsma, dy't yn 1840, Rimen en Teltsjes, Boalsert, 1958 (A.J. Osinga N.V.), s. 591. by fa. J. de Lange yn Dimter publisearre waard. It wie in (los ferskynde) oanfolling op harren eardere ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, en soe yn 1871 opnommen wurde yn 'e earste printinge fan Rimen en Teltsjes, dêr't it wurk fan 'e bruorren Halbertsma postúm yn sammele waard. Ta Twigen út in Alde Stamme hearde û.m. it gedicht De Likeblommen.
Ynhâld (E = Eeltsje; J = Joast) Foarwurd (E?) De Winter fan 1624 yn it Wetterlân (E) It Swealtsje Ferjit (E) De Likeblommen (E) De Blauwe Skine (E) Ald Greult-omme (E) Murk fan Ipekolsgea (E) It Feartflagjen (E) Taheakke (J) It Boaike fan Seisbierrum (E) Tsjerk Hiddes (J) Dokter Eeltsjes Letterke (J) Skipper Hylke fan De Lemmer (J)
Kategory:Literêr wurk fan de bruorren Halbertsma Kategory:Frysktalige dichtbondel Kategory:Frysktalige ferhalebondel Kategory:Dichtbondel út 1840 Kategory:Ferhalebondel út 1840